Útnûging foar: De wedstriid Ropta Boys 45+ tsjin Ropta Boys 3 op sneon 16-1-2016.
|Dokkum – Kommende sneontemiddei 16 jannewaris 2016 stiet der by de v.v. Ropta Boys wat op it programma wat nea earder plak fûn hat yn’e romroftige skiednis fan 50 jier Ropta Boys. It is Ropta Boys 45+ dy’t Ropta Boys 3 útnûge hat om in oefenwedstriid te spyljen. De lieders fan Ropta Boys 3 hawwe posityf reagearre op dizze útnûging. Mei-inoar hawwe wy ôfsprutsen om dizze wedstriid kommende sneon 16 jannewaris te spyljen op it grutte fjild ( alve tsjin alve) As it net slagget om it waar, dan hawwe wy ek noch plan B foar dizze sneontemiddei. Plan B hâld yn dat wy dan útwike nei it keunst gers fjild. Dan spylje wy sân tsjin sân as acht tsjin acht. It is moai dat de âlderen it tsjin de jongerein opnimme wol. In krekt oarsom. Wy hoopje natuerlik op in moaie wedstriid , mar sa’n moaie wedstriid kin net spiele wurde yn’e anonimiteit. Dêrom wol ik de folsleine Ropta Boys famylje(supporters) útnûgje om de teams oan te moedigen yn dizze dochs unike wedstriid yn it Ropta Boys bestean.
De wedstriid begjint om 14.30 oere op sportpark “De Fiver” te Easternijtsjerk. Elkenien dy’t it meimeitsje wol is fan herte wolkom. It soe moai wêze dat beide ploegen oanmoedige wurde, mar foaral de âldsjes. Foar de measten is it nei in lange tiid wêr in kear fuotbalje op in grut fjild.
De 45-plussers dy’t yn aksje komme binne Marten Kooistra, Yme Braaksma, Wiebe Dijkstra, Jappie de Vries, Roel Sikkema, Theun Bouius, Piet Torensma, Jack van der Vorst, Geert van Wieren, Frans Sijtsma, Theunis Linthof, Gerard Torensma, Arnold Nutma en Jan Torensma as lieder. Spitichgenoch binne Andries Weidenaar en Wiebe Turkstra ôfwêzich yn ferban mei blessueres.
Wy sille ús bêst dwaan en hoopje op jimme stipe.
Oant sneontemiddei 16 jannewaris om 14.30 oere.
Jan Torensma.