v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS  DOCHT  SNEON 27 MAAIE  2017  MEI  OAN  DE  BONIFATIUS  CUP  2017.

Dokkum –  Op útnûging fan ús sponsor en spiler fan Ropta Boys 45+, Arnold Nutma, docht Ropta Boys kommende sneon mei oan de Bonifatius cup 2017. It is in Ynternasjonaal toernoai mei in ploech út Fulda (Dútslân) en Crediton ( Inglân) en natuerlik organisator Be-Quick Dokkum. Fan ôf 13.30 oere wurd der fuotballe foar de Boni-Cup 2017.

 

Foar Ropta Boys giet der in miks fan spilers hinne út Ropta Boys 1 en Ropta Boys 45+. In kombinaasje fan rap en traach, mar miskien wurket dat wol optimaal. Mar elkenien dy’t sneontemiddei, mei it moaie waar yn it foarútsicht, efkes om it hoekje sjen wol is natuerlik tige wolkom op it Tolhûspark te Dokkum by de c.s.v. Be-Quick.

 

Team Ropta Boys komt mei de folgjende spilers. De bruorren Jan en Tjidsger Braaksma, de bruorren Kees en Martin Kool, Geert Linthof en Jan Bekker. De 45+ -pluzers dy’t yn aksje komme binne Arnold Nutma, Andries Weidenaar, Wiebe Dijkstra, Jack van der Vorst, Roel Sikkema, Theunis Linthof, Piet Torensma en Theun Bouius.  As lieder en skiedsrjochter sil ûnderskreaune syn stientsje bydrage.

 

It spyl skema is hjirûnder taheakke.

Ik soe sizze oant sneontemiddei yn Dokkum.

Jan Torensma.

Screenshot_2017-05-25-12-53-40