v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS  45+  WIE  JUSTERJÛN  KWA PUNTEN  DE  BÊSTE  YN  DOKKUM.

Dokkum – Om earlik te wêzen wie ik justerjûn foarôfgeande oan de wedstriden as lieder wol in bytsje hûverich foar de úteinlike einútslaggen fan ús ploeg op de fjilden fan Be-Quick Dokkum. De reden wie dat der mar leafst fjouwer sterkhâlders fan Ropta Boys 45+ om ferskate oarsaken net oanwêzich wienen te fuotbaljen. Dat bard wol faker, mar dan binne it meastentiid spilers fan ferskate plakken op it fjild. Justerjûn wienen der fan de seis ferdigeners mar leafst  fjouwer ferdigeners yn de persoanen fan Andries Weidenaar, Fokke Visser, Wiebe Turkstra en Jaap Wiep Torensma  net beskikber. Mar eintsje beslút wie de hûvering  ûntrjochtlik (onterecht). Mei de noch oanwêzige ferdigeners Roel Sikkema op links en Gert van der Meulen op rjochts en as lêste man ús multi ynsetbere Theun Bouius helle Ropta Boys 45+ mar leafst seis punten út trije wedstriden.  De lêste wedstriid kaam Ropta Boys 45+ net mear yn it stik foar, mar dit wie ek sûnder ús lêste man Theun Bouius. De earste twa wedstriden hie hy ús al út’e brân holpen, om’t hy hjirfoar de earste bands op it festival yn Drachten sketten litte hat om te spyljen foar Ropta Boys 45+.

Om healwei achten spiele Ropta Boys 45+ de earste wedstriid tsjin VCR 45+. De opdracht wie om in ferfolch te jaan oan ús spyljen yn de thúswedstriden fan foarige kear op ús eigen fjild. Rêstich oan de bal en op it jûste momint foarút spylje rjochting it doel fan de tsjinstânner. Dit slagge foartreflik. Healwei de wedstriid resultearre dit yn de 1-0 foarsprong troch Geert van Wieren op oanjaan fan Arnold Nutma. Dizze foarsprong hie yn it ferrin fan de wedstriid einliks hêger útfalle moatte, mar skôtten fan Frans Sijtsma en Arnold Nutma wienen in proai foar keeper Hiemstra fan VCR. Fierder hie Theunis Linthof pech om’t syn skôt fia bûtenkant peal neist it doel belânne. Yn de slotfase wie it Marten Kooistra dy’t mei syn fingertoppen in sekere gelykmakker foarkaam. Fierder kaam Jack van der Vorst der goed foarwei doe’t syn wêrom spielbal ûnderskept waard , mar troch de VCR spiler fia de bûtenkant peal ek neist gie. Úteinlik in moaie en mear as terjochte 1-0 oerwinning.

De twadde wedstriid wie kwalitatyf noch better as de earste. Ûnder lieding fan Theun Bouius dy’t oeral op it fjild te finen wie naam Ropta Boys 45+ fia in skitterend doelpunt in foarsprong. In foarset fan Roel Sikkema wie op maat foar Arnold Nutma dy’t mei in moaie foetbeweging de keeper fan Dokum kansleas liet. (1-0) Ek de 2-0 kaam rap op it skoareboard. No wie’t Theunis Linthof dy’t de bal goed ôflei op Geert van Wieren dy’t moai de 2-0 makke. Mar gehiel tsjin de wedstriid ferhâlding yn kaam Dokkum fia in doelpunt wêrom yn de wedstriid. (2-1) Ek no wist Ropta Boys 45+ de opmars fan Dokkum de kop yn te drukken. Arnold Nutma wist mei in pear kapbewegingen sich frij te meitsjen en de bal keihurd binnen te knallen foar de úteinlike 3-1 oerwinning. In prachtich resultiet.  

De lêste wedstriid tsjin koprinner Be-Quick 45+ rûn op in desepsje út. Wy moasten Theun Bouius misse en Be-Quick wie brân op revâns, om’t hja de twa foargeande wedstriden lyk hienen spiele tsjin Dokkum en VCR.  Dat wie ûnder harren staat fan tsjinst as koprinner yn de kompetysje. Ropta Boys 45+ hie hielendal neat yn te bringen en kaam net fan eigen helte ôf. It wie ek noch in wûnder dat der úteinlik mar mei 4-0 waard ferlêrn. Sa kaam der noch in lyts smetsje op dizze foar Ropta Boys 45+ foartreflike jûn kwa resultiet.

 Mar nei  ôfrin yn’e kantine wie dit wêr snel fergetten. De spilers fan Be-Quick D 45+ hienen it draaiend rad te foarskyn helle om te spyljen foar in goed doel. It goeie doel wie foar de herbou fan hûzen yn in plakje yn de Oekraïne. De spilers fan Ropta Boys 45+ wisten mar leafst trije prizen yn de wacht te slepen. Dêr wie ek de haadpriis by fan de earste rûnde. Dit wie in weardebon fan 250 euro te besteegjen by Restaurant Eindeloos te Ljouwert. Dizze bon hawwe wy yn hannen jûn fan ús betrouberste persoan Geert van Wieren. Wat dêr mei bard hearre jimme letter.

Konklúzje: Ropta Boys 45+ de bêste kwa punten fan de jûn en de haadpriis yn de foarm fan in kadobon ter wearde fan 250 euro. Sa kaam der in moai ein oan dizze foutbal freedtejûn foar Ropta Boys 45+

Lieder Jan Torensma.