v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta Boys 45+ spilet mei twa gesichten yn Ie

Ie – De kompetysje foar Ropta Boys 45+ is freedtejûn útein set by  it debutearjende v.v. Oostergo 45+ yn’e 45+ kompetysje. De start begûn net flekkeloas yn Ie. Spitichgenoch moast GSVV út Gerkeskleaster/Striebosk ferstek gean litte. Hjirtroch  koe Ropta Boys 45+ sûnder te fuotbaljen trije punten by skriuwe troch in reglemintêre 2-0 oerwinning. Dêrnei moast Ropta Boys spylje tsjin in âlde bekende Bûtenpost 45+ en  dêr op oanslutend tsjin de thús spyljende 45+ ploech fan Oostergo 45+. Ropta Boys 45+ spiele freedtejûn mei twa gesichten. Striemin tsjin Bûtenpost en tige goed tsjin Oostergo 45+.

Ropta Boys 45+  –  Bûtenpost 45+ 2 -1.

De einútslach nei 25 minuten fuotbal wie goed. De trije punten koene byskreaun wurde, mar dat wie it iennichste positive oan dizze wedstriid. Ropta Boys 45+ spiele om it sêft útdrukke as in krante. It wie los sân, der wie gjin inkelde lyn yn it spul fan Ropta Boys 45+ te finen. Net ien dy’t syn nivo helle. Hjirtroch krige Ropta Boys 45+ it hartstikke muoilik tsjin Bûtenpost. Ropta Boys 45+ kaam wol op foarsprong. Nei grou tsien minuten wie it Jack van der Vorst dy’t fan ôf 15 meter úthelle in oantekene foar de 1-0. Nei it doelpunt gie it noch minder mei Ropta Boys. Bûtenpost wie folle tûker. Hja krigen in hiele protte kânsen, om’t Ropta Boys safolle romte wei joech. It wie oan útblinker Marten Kooistra te tankje dat Bûtenpost mar ien kear it net wist te finen. Se krigen grouwe kânsen, kânsen fan ien meter ôfstân en dochs wie it keeper Marten Kooistra dy’t mei in refleks de bal tsjin hâlde. Mei in gelykspul soe Ropta Boys 45+ yn’e hannen knipe meie. Dochs kaam Ropta Boys 45+ oan’e ein fan’e wedstriid einliks ûnfertsjinne oan de winst. Nei it ûnderbrekken fan in Bûtenpost oanfal, koe Ropta Boys 45+ fia de counter dochs noch de winnende treffer skoare. It wie de âldste man fan it fjild, Yme Braaksma, dy’t Ropta Boys 45+ mei in skot fan ôfstân de oerwinning besoarge. Striemin spylje en dochs winne………….dat is ek knap. Einstân: 2-1.

Ropta Boys 45+  –  Oostergo 45+  5 – 0.

Skynber moat Ropta Boys 45+ earst efkes in dip hawwe om dêrnei te prestearjen. De twadde wedstriid tsjin it debutearjende Oostergo yn’e 45+ kompetysje gie stikken en stikken better. Yn dizze wedstriid wie by fleagen te sjen dat Ropta Boys 45+ noch wol wat yn harren mars hat. Oostergo 45+ hat ek in moaie en goeie ploech, mar Ropta Boys liet sjen dat hja dochs wat fierder binne mei it 45+ barren. It earste doelpunt liet noch efkes op har wachtsje, mar dêrnei wie it hek fan’e daam. Op oanjaan fan Jack van der Vorst (de assist is by Jack belangriker as de doelpuntenmaker) wie it Arnold Nutma dy’t mei in leech hurd in pleatst skot de keeper fan Oostergo kânsleas liet. (1-0) Nei it doelpunt gie it hurd. De opkommende Wiebe Dijkstra kaam oer de rjochterkant op en gie dêrnei nei binnen om syn sterke linkerfuot de bal ûnhâldber binnen te sjitten. (2-0) It tredde doelpunt wie fan útsûnderlike klasse. Nei de rêstige opbou krige Wiebe Dijkstra de bal oan’e lofterkant. Mei in perfekte foarset op de goed frij steande Geert van Wieren wie maklik skoaren. It wie letterlik in figuerlik in binnenkoppertje foar Geert van Wieren nei sa’n prachtige pass. (3-0) Oostergo 45+ probearre fan alles en hja wiene ek tichteby in doelpunt, mar in frije trap gie fia de bûtenkant fan’e peal neist. Ropta Boys 45+ hie de smaak goed te pakken. Op’e nij skoarde Ropta Boys 45+ in hiel moai doelpunt. In kombinaasje oer meardere skiven. Arnold Nutma kriget de bal op it middenfjild en spilet troch nei links op Geert van Wieren. Geert hâld it oersicht en jout de bal perfekt breed op de meirinnende Arnold Nutma dy’t de bal simpel binnen rint foar de 4-0. It slotakkoard kaam ek fan Ropta Boys 45+. It wie Roel Sikkema dy’t oer de rjochterkant elkenien te slim ôf wie. Hy omspiele in pear ferdigeners in skeat dêrnei mei links binnen foar de einstân fan 5-0. In moaie oerwinning mei folle better spul dan yn’e earste wedstriid. Sa’n wedstriid jout fertrouwen foar it ferfolch fan dizze kompetysje. Einstân: 5-0.

De earstfolgjende kompetysje wedstriden binne op freedtejûn 25 septimber 2015 by GSVV yn Gerkeskleaster/Striebosk.

Jan Torensma.