v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ SPILET FREEDTEJÛN 30 OKTOBER THÚS.

Dokkum – Yn it programma oersicht fan’e KNVB kinne ús supporters net sjen wêr’t de âldsjes fan Ropta Boys op de freedtejûnen spylje moatte. Tenei sil ûnderskreaune oanjaan wêr’t wy spylje. Kommende freedtejûn spylje wy alwer de lêste searje wedstriden fan de nei-jierskompetysje. Mei  noch trije wedstriden te gean is Ropta Boys 45+ al kampioen. Dochs is der noch in doel. Ropta Boys 45+ hat noch net ferlern yn dizze kompetysje. Dat wolle wy graach sa hâlde. Dêrom wol ik ús supporters freegje, hawwe jimme freedtejûn efkes tiid, sjoch dan efkes om it hoekje op sportpark “De Fiver” en moedigje Ropta Boys 45+ efkes oan. Wy spylje fan 19.00 oere oant en mei 20.30 oere trije wedstriden fan 25 minuten op in heal fjild. Alfêst oant freedtejûn.

JT