v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+ SLÚT DE KOMPETYSJE GEWELDICH ÔF

Burdaard – Justerjûn wie alwêr de lêste kompetysje rûnde fan it seizoen 2021-2022. It iennichste wat Ropta Boys 45+ noch berikke koe wie it twadde plak yn harren kompetysje. It earste plak wie fanôf rûnde ien al sichtber hokker ploech dêr foar in oanmurking kaam. F.C. Burgum 45+ stuts mei kop en skouder boppe de oare ploegen út. Hja binne de terjochte kampioen.Mar, wy as Ropta Boys 45+ wienen justerjûn ek behoarlik oan it fuotbaljen mei as úteinlik resultiet it twadde plakje. Mei dit resultiet komt der in ein oan it seizoen 2021-2022. Mar dit is noch net it ein fan Ropta Boys 45+. By de neisit hawwe wy beslúten om der yn elts gefal wêr in seizoen oan fêst te plakken. Net elkenien wie der justerjûn, mar wy geane der fanút dat de ôfwêziche spilers sich hjir yn fine kin.

Ropta Boys 45+ is destiids begûn op 19 april 2009 yn Tolbert. Dat wie de earste kear dat Ropta Boys 45+ meielkoar fuotbalde. No 13 jier lyn binne wy noch altiten dwaande en aktyf meielkoar. Natuerlik binne wy wat âlder, wat stadicher, wat strammer, mar ien ding is gelyk bleaun. De leafde foar it spultsje fuotbaljen sit allegear noch ien ús. As dat der noch is en it lichem protestearret net tefolle dan geane wy noch efkes troch. Dit wie de preek as ynlieding op de wedstriden dy’t Ropta Boys 45+ spiele justerjûn yn Burdaard.

De earste wedstriid tsjin VCR 45+ gie gehiel nei winsk. Dizze kear ûnder lieding fan Theun Bouius. Hy wie in skôfke ôfwêzich, mar gelôkkich wie hy yn dizze searje wêr presint. En hoe, hy makke de 1-0 mei in gepleatst skot yn’e hoeke. Hy makke ek de 3-0 mei in ûnhâldber skot. Hjir tusken troch wie it Theunis Linthof dy’t de 2-0 makke. Ropta Boys 45+ kaam hielendal net yn de problemen tsjin VCR 45+. Allinnich wie der yn de slotfase in lyts misferstân tusken de ferdigers Theun Bouius, Roel Sikkema en keeper Marten Kooistra wêr troch VCR 45+ in ere treffer meitsje koe. Einstân 3-1.

De twadde wedstriid tsjin kampioen Burgum 45+ wie net ús beste wedstriid. De earste grutte kans wie wol foar Ropta Boys 45+, mar dizze waard fergriemt. De rest fan de wedstriid wie Burgum 45+ better en rûn út nei in ferstjinne 2-0 foarsprong. It is Ropta Boys 45+ net slagge om ien kear te winnen as gelyk te spyljen tsjin de kampioen. Einstân: 2-0.

De tredde en lêste wedstriid wie tsjin it sterke Burdaard 45+. Hja wiene de iennichste ploech dy’t justerjûn wist te winnen fan kampioen Burgum 45+. Hja wienen op folle sterkte op harren eigen sportpark. Mar dochs slagge Ropta Boys 45+ deryn om te winnen yn it hol fan de liuw. Burdaard wie fuotbaljend better, mar Ropta Boys 45+ stie hiel goed te ferdedigjen. En as hja der wol troch kamen dan wie Marten Kooistra de betroubere slútpost fan Ropta Boys 45+. In lyts skôfke foar tiid wie it Gert van der Meulen dy’t Frans Sijtsma frij seach stean foar it doel. Syn perfekte pass kaam yn de foet fan Frans Sijtsma dy’t mei ien beweging de Burdaard keeper op de ferkearde foet sette mei as resultiet de 1-0 foarsprong. Dizze foarsprong waard net mear út hannen joen wêrtroch Ropta Boys 45+ de kompetysje eindige mei in moaie oerwinning. Einstân: 1-0.

Hjirûnder stiet noch de einstân fan dizze foar-jiers kompetysje.

F.C. Burgum 45+ 12 wedstriden – 33 punten.

Rota Boys 45+ 12 wedstriden – 19 punten.

F.C. Burdaard 45+ 12 wedstriden – 12 punten.

VCR 45+ 12 wedstriden – 7 punten.

Ta beslút wol ik de spilers Marten Kooistra, Andries Weidenaar, Fokke Visser, Wiebe Turkstra, Gert van der Meulen, Roel Sikkema, Theun Bouius, Frans Sijtsma, Jack van der Vorst, Theunis Linthof, Geert van Wieren en Arnold Nutma tige tank sizze foar harren ynset op it fjild tidens dizze kompetysje. Fierder noch tank oan Wiebe Dijkstra syn stipe op ôfstân en hooplik komt der wêrom as syn blesseure him gjin parten mear spilet. Alfêst oan de nei-jiers kompetysje yn septimber 2022.

Lieder Jan Torensma.