ROPTA BOYS 45+ SET TIGE GOED ÚTEIN YN’E KOMPETYSJE.
|Twyzelerheide – Nei in hiele lange winterstop wiene der ôfrûne freedtejûn wêr de earste kompetysje wedstriden yn’e 45+ kompetysje. Ek yn dizze nije kompetysje hat Ropta Boys 45+ wêr in doel. It doel is om foar de twadde kear op rige kampioen te wurden. De start wie ôfrûne freedtejûn in hiel moai begjin. Ropta Boys 45+ wist harren twa wedstriden tsjin VVT 45+ en Bûtenpost 45+ te winnen mei beide kearen 4-0.
Ropta Boys 45+ sit dizze kear yndield by VVT 45, Bûtenpost 45+, Friese Boys 45+ en Opende 45+. Krekt as yn’e nei-jiersreeks op fjouwer freedtejûnen. De opset is wat feroare. Der wurd no op elke freedtejûn twa kear in heal oere fuotballe. Sa spylje wy tsjin elke tsjinstanner twa kear en docht nei acht wedstriden bliken wa’t kampioen wurd yn poule trettjin.
Fierder bestiet de Ropta Boys 45+ ploech út 15 spilers. In moaie groep dy’t de kommende jierren noch wol efkes foarút kin. De groep wurd sels grutter om’t der freedtejûn in nije spiler taheakke is yn’e persoan fan Jack van der Vorst. Fanôf no falle der gjin stilten mear yn’e klaaikeamer en fan no ôf hawwe wy de kening fan’e assist yn ús fermidden. Fierder kin dizze spiler ek noch analysearre. Jimme hawwe wol troch dat wy in multyfunksjonele spiler binne helle hawwe mei Jack van der Vorst. Ik hoopje dy sa goed yntrodusearre te hawwen. Wolkom Jack.
No de wedstriden.
Ropta Boys 45+ – VVT 45+ 4 – 0.
De sterkte fan de thús spyljende ploech wie foar ús ûnbekend, mar it die blieken dat wy mear fuotbaljend fermogen binnen ús ploech hiene. Ropta Boys 45+ wie fanôf it begjin folle sterker en it wie gewoan wachtsje op in doelpunt foar Ropta Boys 45+. It duorre dochs noch efkes, foar’t Theunis Linthof de skoare iepene nei in assist fan Jack van der Vorst (de 1e) mei in goed skot. (1-0) VVT probearre wat wêrom te dwaan, mar Riemer Doornbos fan VVT fûn keeper Marten Kooistra op syn wei. It skot fan Riemer Doornbos wie einliks it iennichste gefaar foar it Ropta Boys doel. Yn’e rin fan’e wedstriid rûn Ropta Boys fierder út. Healwei de wedstriid wa it 2-0 troch in droech skot fan Andries Weidenaar. (2-0) Nei dit doelpunt wie it minimale ferset fan VVT hielendal brutsen. Op it ein fan’e wedstriid rûn Ropta Boys út fan 2-0 nei 4-0. It tredde doelpunt kaam op namme fan Arnold Nutma. Hy kapte in spiler en de keeper út en skoarde behearst 3-0. Mar hy skoarde alwer út in assist fan dêr is hy wêr Jack van der Vorst (de 2e) It lêste doelpunt kaam op namme fan Wiebe Dijkstra. Hy puntere de einstân úteinlik nei in moaie 4-0 oerwinning. Lekker om sa te begjinnen.
Ropta Boys 45+ – Bûtenpost 45+ 4 – 0.
De twadde wedstriid wie tsjin in âlde bekende, nammentlik Bûtenpost 45+ mei âld Ropta Boys spiler Floyd Tjeerdsma yn’e glêderen. Skynber koe Bûtenpost ús krêft noch fan’e foarige wedstriden. Hja wiene bang en gongen mei syn allen, op Floyd Tjeerdsma nei, foar de pot hingjen. Dizze taktyk duorre tsien minuten, mar dernei wie it reak. No gjin assist, mar sels de skoare iepenje troch in pleats skot yn’e hoeke. (1-0) Krekt as tsjin VVT 45+ moast keeper Marten Kooistra op’e nij ien kear hanneljend optrede troch in skot ta korner te tikjen. Fierder wie der mar ien ploech dy’t spile. It wie wêr wachtsjen op mear doelpunten. Troch dat de wedstriden fanôf no langer duorje (in heal oere) komme der úteinlik wol iepeningen yn’e muorre dy’t Bûtenpost 45+ opset hie foar it doel. De 2-0 kaam fan’e skoech fan Arnold Nutma. De 3-0 liet net lang op har wachtsjen. Theunis Linthof helle út en makke sa de 3-0. It lêste doelpunt kaam op namme fan Yme Braaksma. Hy wist de bal maklik binnen te tikjen nei, jimme riede it al, alwer in assist fan Jack van der Vorst. (4-0) Sa kaam in ein oan dizze kâlde jûn yn Twyzelerheide. In goed begyn fan Ropta Boys 45+. De earste seis punten binne byskreaun en freedtejûn 10 april 2015 geane wy wêr fierder. Dan spylje wy thús op üs eigen sportpark tsjin Friese Boys 45+ en Opende 45+.
Leider Jan Torensma.