v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ SET FUORTENDALIKS GOED UTEIN YN DE KOMPETYSJE

Burdaard – Op it prachtiche sportpark “De Swellen” te Burdaard, ûnder ek noch moaie waarsomstannichheden, pakte Ropta Boys 45+ fuortendaliks alle punten dy’t der mar te pakken wiene op dizze earste kompetysje jûn. Fierder wie it moai dat Ropta Boys 45+ dizze jûn support krige fan de froulju Hendrika Sikma en Akke-Greetje Mooibroek. Top.

It wie net sa dat Ropta Boys 45+ de stjerren fan de himel spiele, mar op’e tiid skoare en altiten ien mear meitsje as de tsjinstânner wie foldwaande. It wie miskien noch net heechsteand, mar it lêste en winnende doelpunt tsjin VCR 45+ fan Andries Weidenaar wie wol fan grutte klasse. Spitich dat Burdaard noch gjin fuotbal TV hat oars hiene jimme hjir yn herhaling fan mei genietsje kinne. Miskien stekte Ropta Boys 45+ der fuotbaljend noch net mei de skouders boppe út, mar sjoen op de kondysje fan ús spilers dy’t troch de wike noch tréne hawwe wy altiten in streepke foar. Mar sa’n kompetysje start jout fertrouen foar de kommende fjouwer spielrûnden. De earste trije punten wiene foar elkenien gelyk, om’t Dokkum dizze freedtejûn gjin genoch spilers byelkoar krige om te fuotbaljen. De earste echte wedstriid wie tsjin Be-Quick 45+. Dit wie in wedstriid fan ien rjochtinsferkear. Be-Quick 45+ bleaun mei syn allen foar de goal hingjen. Ropta Boys 45+ moast hjir mar troch hinne sjen te spyljen. Yn it begjin slagge it net om troch de muorre hinne te brekken. Mar healwei de wedstriid stie Theun Bouius op troch frij rap efter elkoar twa kear te skoaren om de wedstriid yn it slot te sjitten. It gie muoisum, mar dat kaam ek troch de tsjinstânner dy’t foar de pot hingjen bleau om ôf te wachtsjen. Einstân: 2-0. De twadde wedstriid tsjin Burdaard wie in wedstriid mei fermaaklike goals. It wie mear in iepen wedstriid, om’t beide ploegen de oanfal sochten. It wie Ropta Boys 45+ dy’t it doelpuntenfestijn iepene troch in ôfstandsskôt fan Andries Weidenaar dy’t hâldber wie, mar op klassieke wize ûnder de keeper troch de goal yn rôllet. (1-0). De 2-0 kaam ek al hiel frjemd tastân. In skerpe foarset fan Theun Bouius kaam ûngelôkkich tsjin it lichem fan de Burdaard keeper en rûgele ek samar binnen. (2-0) Frjemde doelpunten, sa ek de 2-1 dy’t net makke waard troch Burdaard, mar troch Piet Torensma, dy’t bal krekt fan rjochting feroare, wêrtroch keeper Marten Kooistra yn de ferkearde hoeke lei. Mar de lêste twa doelpunten yn dizze wedstriid wiene wol skitterend. De 3-1 kaam op namme fan Theunis Linthof troch in assist fan Roel Sikkema. Hy stjoerde Theunis de djipte yn om it dêrnei syn ploech op gruttere foarsprong te sjitten. It slotakkoard wie in skitterende goal fan de Burdaarder spits dy’t oannaam mei rjochts en dêrnei yn’e draei mei links keeper Marten Kooistra kansleas passearre foar de einstân fan 3-2. De lêste wedstriid tsjin VCR 45+ wie de spannendste wedstriid. It wie in gelyk opgeande wedstriid mei yn beide kanten kânsen. VCR 45+ seach in kopbal fan Thom Feddema fia de latte oer gean. Foar Ropta Boys 45+ wiene der kânsen foar Leo Mooibroek, Jack van der Vorst en Frans Sijtsma, mar de mei fuotbaljende keeper Sjouke Hiemstra hâlde syn goal skjin. Troch it mei fuotbaljen rûn VCR it risiko om by balferlies it deksel op de noas te krijen. It gie hiel lang goed, mar yn de slotminuten wie it reak. Andries Weidenaar pakte de bal op eigen helte fan in VCR spiler ôf en wist dêrnei fan eigen helte de bal skitterend oer de fiersten te fier foar syn goal steande Hiemstra te ferrassen mei it winnende doelpunt. Einstân: 1-0.
Konklúzje: Mei in skitterende goal fan Andries Weidenaar yn de slotwedstriid begûn Ropta Boys 45+ geweldich oan de kompetysje. Folgjende wike hoopje wy thús wêr in goed ferfolch te jaan oan dizze nei-jierskompetysje. Hjirûnder noch efkes de tuskenstân.

1. Ropta Boys 45+​4 4 0 0 12 8 – 2.
2. VCR 45+​4 2 1 1 7 7 – 2.
3. F.C. Birdaard 45+​4 2 1 1 7 6 – 4.
4. Be-Quick D 45+​4 1 0 3 3 2 – 7.
5. Dokkum 45+​4 0 0 4 0 0 – 8.

Oant nije wike op sportpark “De Fiver”.

Ferslachjouwer Jan Torensma.