v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ PAKT FOAR IT EARST IT THÚS FOARDIEL.

Easternijtsjerk – Boppesteande koptekst is fan Geert van Wieren. Hy makke de lieder der op attint dat wy thús foar de earste kear hielendal ûnferslein troch ús wedstriden hinne fyts binne. Mar dat wie foarôf ek it doel. Mar tusken doel en dwaan moat noch in protte barre. De lieder easke en frege ôfrûne freedtejûn in hiele protte fan syn spilers. Mar it wie de ienniche wize om de kopposysje yn de kompetysje te krijen. Foarige kear ferslikte Ropta Boys 45+ harren tsjin Burgum 45+ en koprinner BCV 45+ makke in foutsje tsjin Droegeham om gelyk te spyljen. Hjirtroch stie BCV oan it begjin fan de tredde kompetysje rûnde ien punt foar op Ropta Boys 45+. En ja, dan is it ôfwachtsjen as Ropta Boys 45+ de wurden fan de lieder oppakke. Dat is net sa ienfâldich, om’t it gjin beukerklas is dy’t jo ynspireare moatte. It binne allegearre ferstokte âld fuotballers dy’t allegear in grut ego hawwe wat harren fuotbal kapasiteiten oanbelangget. De iene wit it faak noch better as de oare en kom der dan mar út as lieder. Mar earlik is earlik, it kwartsje foel dizze jûn gehiel ús kant op. Oan it ein fan de jûn wie der trije kear wûn, ek fan ús konkurrint BCV 45+, wêrtroch Ropta Boys 45+ nei trije kompetysje rûnden stiet wêr’t hja graach steane, op it earste plak. Dit wie ús earste doel en it twadde doel is om it plak oer twa wiken mei goed ferfolch te ferdidigjen yn Burgum, wêr’t de lêste kompetysje rûnde ferspiele wurd. Ik moat der wol efkes by sizze dat wy as team ús debutanten wol efkes yn de skynwerpers sette moatte. Arend Castelein en Bas Dijkstra hawwe fan it winter harren debút makke yn de seal en ôfrûne freedtejûn op it fjild. Dat wie foar Ropta Boys 45+ in boppeslach. Arend Castelein heerste yn it fjild en stjoerde syn teamspilers op de jûste wize oer it fjild. Sels Jack van der Vorst, dy’t somtiden net te stjoeren is, paste sich oan. Fierder wie de oare debutant Bas Dijkstra in goed en rêstich oan spielpunt yn de spits. Hy moast efkes op gông komme. In pear net te missen kansen yn de earste wedstriid makke hy royaal goed in de oare wedstriden. It binne twa oanwinsten foar Ropta Boys 45+. Net allinnich dizze twa spilers, mar ek de oaren hawe soarge dat trije kear winst mooglik wie op freedtejûn 10 maaie op ús eigen sportpark. Dit ûnder it tasjend each fan ús troue supporters en mei tank oan de skiedsrjochters Gerard en Rudi Torensma kin Ropta Boys 45+ mei fertrouen op nei de lêste rûnde. Hjirûnder noch efkes de útslaggen mei de doelpuntenmakkers en natuerlik de tuskenstân yn de kompetysje.

Ropta Boys 45+​​-​Burgum 45+​​3 – 0.
De foarige kear hawwe wy ús ferslikt yn Burgum, mar dizze kear hawwe wy revâns nommen. Yn it begjin wie it efkes sykjen, mar nei it earste doelpunt fan Bas Dijkstra ea yn de 45+ kompetysje wie de ban brutsen. Ropta Boys 45+ wûn úteinlik troch doelpunten van Jack van der Vorst en Theunis Linthof mei 3-0. De útslach hie hêger útfalle kinnen, mar in pear dikke kansen wiene net oan ús spilers besteget. In moai begjin foar de kraker tsjin BCV 45+.
Ropta Boys 45+​​-​BCV 45+​​2 – 0.
De twa oerbleaune konkurrinten foar de titel tsjin elkoar. By winst soe Ropta Boys 45+ it earste plak oernimme. Gelôkkich koe Ropta Boys 45+ dizze jûn yn de twadde wedstriid harren beste fuotbal nei boppe bringe. Beide ploegen wolle graach fuotbalje, wêrtroch der rômte komt om te fuotbaljen. Ropta Boys 45+ spiele ûnder lieding fan Arend Castelein en de lêste linie Theun Bouius en slútpost Marten Kooistra in goeie wedstriid. Fierder moasten de middenfjilders Leo Mooibroek en Roel Sikkema in protte meters meitsjen om de BCV-ers gjin rômte te jaan. Beide ploegen rekke ien kear it aluminium. Jack van der Vorst skeat op’e peal en in spiler fan BCV skeat op de latte. Mar healwei de wedstriid skeat Theunis Linthof reak foar Ropta Boys 45+ (1-0). BCV 45+ moast komme, wêrnei Ropta Boys yn de counter fia in perfekte pass fan Piet Torensma op Theun Bouius soarge foar de 2-0. Theun Bouius naam de bal goed oan en knalde it leer dernei keihurd yn de boppehoeke. Troch dizze goeie wedstriid belânne Ropta Boys 45+ harren sels mei de kopposysje.
Ropta Boys 45+​​-​Droegeham 45+​3 – 2.
As koprinner begjinne oan de lêste wedstriid jout fuortendaliks drôk. Ropta Boys 45+ spiele de lêste wedstriid harren mindere wedstriid, mar dêrom is it dochs goed dat hja sa’n wedstriid noch winnend ôfslúte. Ropta Boys 45+ kaam op foarsprong troch in moaie treffer fan Geert van Wieren. (1-0) Droegeham kaam troch striemin útferdigjen knap op 1-1. Nei dizze gelykmakker pakte Ropta Boys it wêr goed op en rûn út nei 3-1 troch doelpunten fan Bas Dijkstra en Geert van Wieren. Hjirnei kaam de gemaksucht wêr efkes om’e hoeke wêrtroch Droegeham noch wêrom kaam nei 3-2. De lêste minuten koe Ropta Boys 45+ yn elts gefal noch de rêst opbringe om de bal yn de ploech te hâlden, wêrtroch Ropta Boys 45+ oer twa wike as koprinner nei Burgum giet.

Hjirûnder noch efkes de tuskenstân yn de kompetysje.
Ropta Boys 45+​​​9 6 2 1​20​17 – 5.
BCV 45+​​​9 5 3 1​18​16 – 5.
Droegeham 45+​​9 2 1 6 ​ 7​11 – 19.
Burgum 45+​​​9 2 0 7​ 6​ 9 – 20.

Ropta Boys 45+ tige tank foar jimme ynset en oant oer twa wike op freedtejûn 24 maaie 2019.

Lieder Jan Torensma.