v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+ PAKT AS STERK KOLLEKTYF SEIS PUNTEN YN’E GEAST

Rinsumageast – Kwa spilers hâlde it dizze kear net oer. Der wienen wat ôfsizzingen, mar úteinlik is it slagge om goed foar de dei te kommen op it keihurde fjild yn’e Geast. Mei Marten Kooistra as altiten betroubere slútpost. Mei Andries Weidenaar as regisseur, lieder, ferdieler en kontroleur. Mei Roel Sikkema as rots op de linkerkant wêr’t in tsjinstanner twa kear omhinne moat. Mei Gert van der Meulen dy’t oan de rjochterkant syn plakje mear as skjin makket en fanôf no in fêste krêft is binnen RB 45+. Mei Theunis Linthof op it middenfyld. Dizze jonge wie juster oeral op it fjild in posityfe sin. It liket wol dat de jierren gjin fet op him krije sjoen it hin en wêr rinnen. Op it middenfjild stie natuerlik ek ús nestor binnen de ploech, Frans Sijtsma. Justerjûn haw ik as lieder him alle trije wedstriden spylje litten sûnder te wikseljen. Dat is in prestaasje op sich mei syn âldens, mar de oarsaak wie om’t der besite foar Frans wie op de tribune. Syn frou/freondinne Tineke, skoansus en sweager Gré en Durk. Frans hat natuerlik foarôfgeande oan dizze wedstriden al lang yndruk makke op syn Tineke. Mar nei justerjûn kin der net mear stikken by dizze frou. As jongfeint mei de bal oan syn linker gouden foet en syn flewielen technyk wie der juster net te stopjen. Tineke moat dit ek sjoen hawwe, dat kin net oars. Ek op it middenfyld spiele Jack ( ek wol Sjaak neamt) van der Vorst. Sjaak is by ús team fan alle markten thús. Hy kin en hy wit alles. Hy hat it fuotbaljend goed yn it kopke en faak is de útfiering ek goed. Mar somtiden giet der wolris wat mis, mar dan wit Sjaak dit meastentiids wol wêr rjocht te setten troch in oar der op te wizen wat der fout die. Fierder wie Geert van Wieren ús iennichste spits ôfrûne freedtejûn. Geert sifert him meastentiids foarôf yn’e app in bytsje skrûten op. Hy jout yn’e app oan dat der wol wiksel stean wol. Sûnt justerjûn is dúdlik wurden wêrom hy dat docht. Hy komt dan fanút de underdog posysje it fjild op om dan de wedstriid iepen te brekken mei in pear goals. Sa ek justerjûn yn Rinsumageast. Fierder is Geert ek ûnmisber as BOB (Bewust Onbeschonken Bestuurder) binnen ús ploech. Hy hat sa stadichoan al yn hiel wat auto’s riden. Dit wienen de fedettes fan justerjûn. No de wedstriden noch.

De earste wedstriid tsjin Birdaard hienen wy wat rjocht te setten. Thús hawwe wy foarige kear kansleas ferlern, mar justerjûn hawwe wy revâns naam. Troch in moai doelpunt fan Geert van Wieren (assist Sjaak) wisten wy de wedstriid te winnen mei 1-0. Yn dizze wedstriid hawwe wy neat fuortjoen. Sels hawwe wy noch in pear dikke kansen mist, mar de oerwinning wie mear as terjochte.

De twadde wedstriid tsjin koprinner Burgum hawwe wy de punten lizze litten. Dizze kear wienen wy net minder as de koprinner. Wy hienen sels de beste mooglikheden fia Theunis Linthof, mar syn skôt rekke de krúsing. Dêrom wie it sneu dat Burgum yn de allerlêste minút dochs in doelpunt makke. Nettsjinsteande it tsjindoelpunt kin RB 45+ wêrom sjen op in goede pot fuotbal.

De lêste wedstriid tsjin VCR 45+ wie RB 45+ hear en master. Nei in assist fan good-old Frans Sijtsma makke Theunis Linthof de 1-0. Rap dêrnei profitearre Geert van Wieren fan in ferkearde wêrom spielbal en pakte sa wêr syn doelpuntsje mei. (2-0) Yn it ferfolch fan de wedstriid krige Ropta Boys ferskate kansen om de foarsprong noch grutter te meitsen. Mar dit slagge net. Yn de allerlêste minút makke VCR 45+ fia harren keeper noch 2-1, mar fier der kaam it net mear.Konklúzje: Seis punten út trije wedstriden is in knap resultiet. Op nei de lêste kompetysje rûnde fan freed 27 maaie by de F.C. Burdaard.

Lieder JT