v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+ NEI DE FOARRÛNDE NEDERLÂNSK KAMPIOENSKIP 45+

It is hast safier.
Wy hawwe ûs opjûn foar de foarrûnde Nederlânsk Kampioenschap 45+ toernooi.
Kommende Freedtejûn 16 maaie 2014 sil it wêr heve.
It plak fan spyljen, de yndieling, en de tiden binne bekend.
Wy spylje yn Ljouwert op it sportpark fan S.C. Leovardia.

 

It programma boekje haw ik taheakke. (kinne jimme efkes troch lêze)

De earste wedstriid begjint klokslach sân oere.

We sitte yn in pûl mei fjouwer ploegen.

Te witten:

 

1.Friese Boys 45+
2.Ropta Boys 45+
3.Blauw Wit 1 45+
4.LVV Friesland 45+.

 

Wy moatte trije kear tweintich minuten spylje en dernei miskien noch in kear as pûl winner, yn’e heale finale en dernei heechstwarskynlik yn’e finale.
Foar minder dogge wy net……….
Grutspraak natuerlik, mar dochs moatte jo foarôf in doel hawwe.

 

De spilers fan Ropta Boys 45+ binne:

 

  1. Marten Kooistra
    2. Yme Braaksma
    3. Piet Torensma
    4. Frans Sijtsma
    5. Andries Weidenaar
    6. Wiebe Dijkstra
    7. Gerard Torensma
    8. Roel Sikkema
    9. Arnold Nutma
    10. Wiebe Turkstra

Lieder: Jan Torensma

No’t wy ûs hjir foar opjûn hawwe rekkenje wy natuerlik ek op stipe fan it Ropta Boys legioen.
Ik kin jimme fersekerje dat jimme as supporters waar foar jimme jild krije.
Wy sille Ropta Boys goed op’e kaart sette by it troch de KNVB organisearre 45+ toernoai.
Wy hawwe jimme stipe nedich en dêrom rekkenje wy op jimme.

Oant freedtejûn 16 maaie yn Ljouwert by S.C. Leovardia fanôf sân oere op sportpark  Kalverdijkje Noord.

By it skriuwen is taheakke de pûl-yndieling, it wedstriidskema en de spulregels.

 

 

Groetnis, Jan Torensma