v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ FUOTBALLET OP’E NIJ FJOUWER PUNTEN BIJELKOAR.

Burdaard – Op it Swellennest yn Burdaard moast Ropta Boys 45+ ôfrûne freedtejûn spylje foar de tredde kompetysje rûne. Sa as altiten giet Ropta Boys 45+ fuotbaljen mei in doel. It doel fan dizze kear wie om te soargjen dat it twadde plak op ranglist yn hannen bleaun en it twadde doel wie om koprinner Friese Boys in kear te traktearjen op in nederlaach. It earste doel is slagge en de twadde doel krekt net. Ropta Boys 45+ spiele op’e nij trije wedstriden en pakte krekt as de foargeande twa kompetysje rûnen 4 punten. Ropta Boys 45+ wûn fan Burdaard, gelyk tsjin Dokkum en der wa ferlern fan Friese Boys, dy’t ôfrûne freedtejûn harren kampioenskip fiere koene, wêrmei wy harren tige lokwinskje. Hja binne fierwei de bêste ploech yn dizze kompetysje, mar dêrom bliuwt it in útdaging om fan de kampioen te winnen. Op freedtejûn 3 novimber meie wy it nochris probearje by de v.v. Dokkum.

Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 0 – 1.

Ropta Boys 45+ begûn tige min oan dizze wedstriid. It reinde kânsen foar Friese Boys. It wie einliks in wûnder dat der net skoart waard troch it oars sa tref sekere Friese Boys. It earste diel fan dizze wedstriid wie dramatysk fan Ropta Boys 45+. Mar stadichoan begûn Ropta Boys 45+ better te fuotbaljen en der kamen sels in pear tsjokke kânsen om op foarsprong te kommen. Meiname Geert van Wieren en Theun “rusk” Bouius hiene harren foar ien jûntiid ûnstjerlik meitsje kinne, mar de Friese Boys keeper rêde twa kear mei de fuotten. Yn it twadde diel fan dizze wedstriid wie Ropta Boys 45+ de boppe lizzende party. Mar yn de slotfaze fan de wedstriid komt Friese Boys wat gelokkich oan harren iennichste en winnende goal. It wie Wiebe Turkstra dy’t de bal korrekt ôfpakte fan Sieger Swart. It ôfpakken fan de bal gie fia in sliding en dat mei net by ús as “âlde mannen” . Allinnich de skiedsrjochter wie net op’e hichte fan dizze spulregel, mar op appèl fan Friese Boys joech hy in terjochte frije trap. Sieger Swart sels fersulvere dizze frije trap mei in drûge skower. (0-1) Dit wie tige spitich om’t der op it ein fan de wedstriid mear yn sitten hie foar Ropta Boys 45+.

Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 2 – 2.

Ek yn dizze wedstriid begûn Ropta Boys net goed oan de wedstriid. Dokkum profitearre fuortendaliks fan disoarder by Ropta Boys 45+ en makke 0-1. Mar ek yn dizze wedstriid begûn Ropta Boys in bytsje letter oan de wedstriid as begjinsignaal fan de skiedsrjochter. It wie Theunis Linthof dy’t mei in hurd skot de gelykmakker op it net oanwêzige skoareboerd sette foar Ropta Boys 45+. (1-1) De gelykmakker stie noch mar droech yn de boeken as Dokkum kaam alwer op foarsprong. (1-2) Ek no toande Ropta Boys 45+ fearkrêft troch de gelykmakker fan Geert van Wieren. Oan de nei sit tafel yn de kantine wie der in ploechgenoat dy’t dizze treffer fergelike mei in Arjen Robben goal. Fan ôf de rjochterkant nei binnen sprinte en mei de lofterfoet de bal ûnhâldber binnen sjitte. (2-2) Spitich foar Geert is dat der hjirfoar gjin tankwurdsje krije sil fan ús kening Willem.

Ropta Boys 45+ – F.C. Burdaard 45+ 3 – 1.

De lêste wedstriid wie alwer in wedstriid mei in frjemd ferrin. Ropta Boys 45+ begjint dizze wedstriid tige goed en stiet binnen in mum fan tiid op in 3-0 foarsprong fia doelpunten fan Theun “rusk”Bouius, postboade fuotballer Jack van der Vorst en Geert (Arjen) van Wieren. De 1-0 fan Theun Bouius wie in prachtige rusk fan ôf eigen helte sûnder dat ien hin stopje koe. Ien fan tsjinstanners soe him noch efkes tackelje, mar dêr wie der sels te let mei sa hurd rûn Theun oer it fjild. De twadde en tredde goal wiene pleatste ôfstânsskotten. Nei dizze maklike foarsprong waard Ropta Boys 45+ hiel maklik en mei it alwer keeper Marten Kooistra tank sizze dat F.C. Burdaard mar ien kear ta skoaren kaam. Marten seach nei de 3-0 noch in stik as trije, fjouwer kear in Burdaard spiler op him ôfkommen, mar ek sa faak wie Marten de sta yn de wei en pakte sa de trije punten foar Ropta Boys 45+.

Ta beslút noch efkes de tuskenstân:

1. Friese Boys 45+ 9 – 25.

2. Ropta Boys 45+ 9 – 12.

3. Dokkum 45+ 9 – 8.

4. Birdaard 45+ 9 – 6.

Ferslachjouwer Jan Torensma.