v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+  FUOTBALDE  DE  LÊSTE KOMPETYSJE  RÛNDE  KREKT  SA  AS  IT  WAAR!

Easternijtsjerk – Mei boppesteande koptekst kinne jo oer it algemien alle kanten út. Mar ôfrûne freedtejûn yn ús lêste kompetysje rûnde fan it nei-jier, op it eigen keunstgêrsfjild, kin dat mar ien ding bestjutte.  Om healwei achten reinde it, waaide it hurd en mei in gefoels temperatuer  fan ûnder it friespunt kinne jo sprekke fan min ta striemin waar. En sa as it waar wie sa begûn Ropta Boys 45+ oan harren lêste kompetysje rûnde op eigen fjild. De earste wedstriid tsjin koprinner Burdaard wienen de earste tsien minuten net op oan te sjen. It wie krekt as stienen de spilers foar de allerearste kear op in fuotbalfjild. Ja koenen  net fatsoenlik oer in pear meter in bal nei elkoar ta spylje. It wie net bêst en de gefolgen wienen dêr ek neffens. Burdaard makke fuortendaliks gebrûk fan dit strieminne begjin en rûn maklik út nei in 0-3 foarsprong. As lieder en ûnderskreaune fan dit ferslach meitsje ik no de earste tsien minuten de spilers swart, mar miskien moat ik ek wol de hân yn eigen boezem stekke. As lieder begûnen wy mei de twa sterkhâlders Frans Sijtsma en Roel Sikkema op de wiksel en dat wie efternei net hândich. It binne wol twa  pylders(steunpilaren) fan Ropta Boys 45+. Dêrneist wie ús spits oan it fluitsjen op it oare fjild en dat wie efternei ek net sa ferstannich soe in wedstriid letter blieke tsjin Be-Quick Dokkum. Mar nei de tsien minuten waard it fuotbal fan Ropta-Boys 45+ better. Krekt sa as it waar, it knapte op, de wyn gie wat lizzen en it hâlde op fan reinen . Nei de 0-3 kaam Ropta Boys 45+ mei in hurd skôt fan Theunis Linthof op 1-3. Dêr bleau it by.  Einstân: 1-3.

De twadde wedstriid tsjin Be-Quick Dokkum wie  in one-man barren. Geert van Wieren is yn it deistich libben foargônger fan in gemeente, mar freedtejûn wie hy ek de foargônger binnen Ropta Boys 45+. Hy wiisde Ropta Boys 45+ it paad en joech it goede foarbyld. Hy liede Ropta Boys 45+ yn syn ientsje nei in dikke oerwinning. Der binne by Ropta Boys net folle spilers, miskien wol net ien, dy’t yn minder dan tweintich minuten fuotbal de peal rekket, in hattrick makket en fan hiel tichteby hûzenheech oer skeat en ek noch wiksele wurd. It twadde doelpunt wie fan ûngewoane skientme. Fanút in ûnmooglike hoeke skeat hy de bal lâns de útrinnende keeper binnen. Hy makke de 1-0, 2-0 sa as omskreaun en de 3-0. En as klap op de fjoerpylk makke Gert van der Meulen syn earste doelpunt yn Ropta Boys 45+ nei in oanfal út it boekje. Hjirtroch kaam de einstân op in moaie 4-0 oerwinning.

De lêste wedstriid tsjin VCR 45+ begûn Ropta Boys 45+ goed. De ferdedigingslinie foar keeper Marten Kooistra besteande út de spilers Wiebe Turkstra, Roel Sikkema, Gert van der Meulen, Andries Weidenaar en Jaap Wiep Torensma hienen it allegear goed ûnder kontrôle tsjin it wat jongere VCR 45+. Ropta Boys 45+ kaam healwei de wedstriid fia in skôt fan Andries Weidenaar op in 1-0 foarsprong. It liket der hast op dat Ropta Boys 45+ harren lêste wedstriid fan dizze kompetysje  mei trije punten ôfslúte soe. Mar dat slagge krekt net. Yn de lêste minuten joech Jack van der Vorst en baltsje krekt net breed genoch op Andries Weidenaar wêrnei VCR 45+ yn de kounter dochs noch de gelykmakker efter Ropta Boys 45+ keeper Marten Kooistra skeat. Hjirtroch kaam mei in gelykspul fan 1-1 in ein oan de nei-jiers kompetysje.

Konklúzje: Nei 4 freedtejûnen fuotbal moat Ropta Boys 45+ tefreden wêze mei in moaie twadde plak. Mear siet der dizze kear net yn.  Lâns dizze wei wol ik eltsenien (alle spilers) tank sizze dy’t it wêr mooglik makket hat om mei-elkoar  ús jierrenlange hobby  út te fieren. It doel is om takom jier gewoan wêr mei te dwaan oan de foar-jiers kompetysje. Oant dan.

Einstân nei-jierskompetysje Ropta Boys 45+:

  1. Burdaard 45+ 12 – 30.
  2. Rota Boys 45+ 12 – 18.
  3. VCR  45+ 12 – 15.
  4. Be-Quick D 45+ 12 – 3.

Lieder RB 45+(JT)