v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+  FUOTBALDE  AS  IN KRANTE  YN  RINSUMAGEAST.

Rinsumageast – De koptekst ferried dizze kear in hiele protte oer it nivo fan fuotbaljen by Ropta Boys 45+. Yn alle opsichten kaam Ropta Boys 45+ tekoart  yn alle trije wedstriden. Nettsjinsteande it slechte nivo waard der dochs noch 4 punten mei nei  hûs naam. Dat wie einliks it iennichste pluspunt. By de earste kompetysje rûnde yn Burdaard wie it spul goed en krigen wy úteinlik te min, mar de twadde rûnde yn Rinsumageast wie it spul net om oan te sjen en krigen wy einliks tefolle.  En ja, dat is ek fuotbal. It wie in jûn foar Ropta Boys 45+ om rap te ferjitten en út te sjen nei freedtejûn              4 novimber. Dan is de tredde kompetysje rûnde en folgens mei as lieder kinne wy hast net slechter foar de dei komme.  Ik moat der noch wol efkes by fertelle dat it fjild en it ljocht by VCR ek net top wie, mar dat jild natuerlik foar de oare ploegen ek. Mar wy as Ropta Boys spilers binne wol in bytsje ferwent mei ús moaie flakke keunstgêrs fjild. Dêr rollet de bal moai strak en justerjûn hobbelde it wat. En wy wienen der fuortendaliks mei oan.

De earste wedstriid wie tsjin VCR en dizze ploech kinne wy oars wol bespylje, mar dizze kear joegen wy net thús. It wie in wûnder dat de wedstriid yn 0-0 eindige. My keunst en fleanwurk waard it doel fan keeper Marten Kooistra skjin hâlden. Wy kamen sporadysk by de VCR keeper, mar dochs krigen wy út it neat noch in 100% kâns. Mar allinnich skeat Theunis Linthof fan tichteby fier oer.  Mei de úteinlike einstân moast Ropta Boys 45+ mear as tefreden mei wêze,  om’t VCR folle better en sterker foar de dei kaam. Nei sa’n wedstriid soene jo hast sizze it kin net minder, mar it koe dochs noch minder.

Tsjin Burdaard kamen wy der  noch minder oan te pas dan tsjin VCR.  Birdaard makke rap 1-0 en hjir bleaun it by mei op’e nij folle keunst en fleanwurk. Dit wie foaral de fertsjinte fan keeper Marten Kooistra dy’t net dielde yn de mallêze. Foar de Burdaard keeper wie it gelôkkich droech en net kâld. Hy hat yn elts gefal net in bal fan Ropta Boys 45+ hawn. Hy stie wurkleas ta te sjen en dat seit genoch oer de prestaasje fan Ropta Boys 45+.

De lêste wedstriid tsjin de swakste tsjinstânner út ús poule Be-Quick Dokkum startte Ropta Boys 45+ op’e nij striemin, mar úteinlik brocht it earste doelpunt fan Theunis Linthof wat ljocht yn’e djippe tsjusternis by Ropta Boys 45+. Dêrnei wisten Frans Sijtsma, Theunis Linthof en Geert van Wieren de einstân te bringen nei  4-0. Sa kaam der dochs in ein oan dizze lijenswei mei 3 punten tsjin Be-Quick. Konklúzje: Rap ferjitte en gau op nei in better fuotbal barren op freedtejûn 4 novimber.

Yn ‘e tredde helte waarden wy in de oare ploegen noch traktearre troch VCR op in ludieke aksje. Yn de korona edysje is ús kompetysje net útspiele en do stiene trije ploegen op nûmer ien. VCR út namme fan Thom Feddema makke in moai ein oan dizze kompetysje troch de oare de ploegen allegear in priis oan te bieden. Be-Quick Dokkum krige de priis fan de pielers, Burdaard fan de prutsers en Ropta Boys krige de priis fan de griemers.  Ik soe sizze as wie it foarsjoen, om’t Ropta Boys 45+ der freedtejûn ek mar wat yn om griemde. Oant de folgende kear.

Lieder RB 45+