v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ FIERDE HARREN KAMPIOENSKIP ÚTBUNDICH YN DE WILP.

De Wilp – Ropta Boys 45+ makke ôfrûne freedtejûn in soarte mei earerûntsje as kampioen op de moaie akkommodaasje fan de Wilper-Boys. Dizze freedtejûn wie de tredde helte, it kampioensfeest, better as it fuotbal op de griene matte. Nettsjinsteande it mindere fuotbal bleau Ropta Boys 45+ ek dizze freedtejûn ûnferslein. Dat is dochs in prestaasje fan formaat. Trije freedtejûnen is der troch Ropta Boys 45+ ûnder drok prestearre. Njoggen wedstriden efterinoar winne, wêrtroch Ropta Boys 45+ foar de fjirde en lêste spylrûnde by de Wilper Boys it kampioenskip al te pakken hie yn dizze foarjierskompetysje. De drok wie fuort yn de lêste trije wedstriden, mar dochs liet Ropta Boys 45+ sjen dat hja oer karakter beskikte yn dizze wedstriden. Yn twa fan de trije lêste wedstriden kaam de ploech op karakter wêrom mei it doel om net te ferliezen. Dat slagge sa as jimme hjirûnder noch lêze kinne.

 

Ropta Boys 45+ – De Wilper Boys 45+ 1 – 1.

In iepen wedstriid mei kânsen oan beide kanten. Ropta Boys 45+ kaam op foarsprong troch in doelpunt fan Jack van der Vorst. (1-0) Nei dizze foarsprong wie it keeper Marten Kooistra dy’t mei in fabuleuse rêding syn ploech op de nul hâlde. Dochs kaam healwei de wedstriid de Wilper Boys op gelike hichte troch in skot fan tichteby. (1-1) Nei dizze gelykmakker wie it ienrjochtingsferkear rjochting it doel fan de Wilper Boys, mar de grutte kânsen foar Geert van Wieren en Arnold Nutma wurden om sjippe holpen. Sadwaande wie de it earste gelyk spul in feit foar Ropta Boys 45+.

 

Ropta Boys 45+ – Opende 45+ 1 – 1.

Yn dizze wedstriid wie it fuotbaljen tsjin in goeie keeper en in muorre fan Opende spilers. Hja hiene ien spits mei de namme Jappie. It moaie wie dat Jappie dizze jûn ien wedstriid mei fuotballe by Opende en fuortendaliks syn fysite kaartsje ôf joech troch Opende mei in wrâld goal op foarsprong te sjitten. Ien útfal en Jappie sjit de bal sa yn ien kear yn de krusing. (0-1) Nei it doelpunt moast Ropta Boys 45+ in iepening fine yn de solide muorre fan Opende. As Ropta Boys 45+ de iepening fûn dan wie der altiten de betroubere keeper dy’t in treffer yn de wei stie. Úteinlik kaam de gelykmakker út in frije trap. It slagge Jack van der Vorst om de muorre fan trije spilers en de trije man op de line te ferslaan, wêrtroch ek dizze wedstriid yn in gelyk spul einige.

 

Ropta Boys 45+ – F.C. Grootegast 45+ 2 – 1.

Yn de lêste wedstriid wie it Jessica ( de iennige frou yn it 45+ barren) dy’t hiel Ropta Boys 45+ mei de mûle iepen stean liet troch koppend Grootegast op foarsprong te setten. (0-1) Dizze foarsprong bleau efkes stean. It soe dochs net sa wêze dat de lêste wedstriid ferlern gean soe yn dizze kompetysje. Mar de op wiksel steande Wiebe Dijkstra kaam dernei yn it fjild om syn ploech oer it deade punt hinne te helpen. De gelykmakker wie in moai doelpunt. Út in foarset fan rjochts troch Piet Torensma wie it Geert van Wieren, dy’t de bal by de twadde peal prachtich binnen kopte foar de 1-1. Oan it ein fan de wedstriid wie it de balfêste (somtiden wat te fêst) Jack van der Vorst dy’t mei syn tredde doelpunt fan de jûne Ropta Boys 45+ nei de winst skeat. (2-1)

Nei dizze rige fan wedstriden wie it ûnfersleine kampioenskip foar Ropta Boys 45+ in feit.

As lieder wol ik de spilers fan Ropta Boys 45+ tank sizze foar jimme reewilligens en ynset.Ek oan de spilers dy’t der ôfrûne freedtejûn net wiene. Ik haw sels heard dat de foarsitter en ek spiler fan

Ropta Boys 45+ it kampioensfeest sjitte litten hat, om yn’e lear te gean by Lionel Messi te Barcelona. Dat sille wy dan it folgjende seizoen wol merke. Fierder wol ik út namme fan de spilers en mysels it bestjoer tank sizze dat der nei ôfrin fan ús wedstriden yn de Wilp de nedige oandacht wie foar ús kampioenskip. Út namme fan it bestjoer wie it Wiebe Dijkstra dy’t in moaie taspraak hâlde rjochting spilers. De lieder wa yn it sintsje set mei blommen en de spilers krigen in pak droege woarst. It wie Piet Torensma dy’t Jessica fan Grootegast wist te ferlieden ta te nimmen fan in kampioensfoto. In pear fan dizze foto’s binne taheakke oan it ferslach. Dêrnei wie it tiid foar in feestje. Dat slagge goed. It wie sok moai waar dat it feest wie bûten op it prachtige terras fan de fuotbalferiening De Wilper Boys. De âlde moppen fan Gerard Torensma foelen yn’e smaak, wêrtroch wy as ploech noch gesellich sitten hawwe om it kampioenskip te fieren.

Nochris tank en folgjend seizoen rekkenje ik as lieder wêr op jimme.

Jan Torensma.

IMG_2179

IMG_2180

IMG_2182

IMG_2184

IMG_2189

IMG_2193