v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ DOCHT MEI OAN IT OFK 45+ SEALFUOTBAL 2018 YN FRENTSJER.

Dokkum – Kommende sneontejûn 10 febrewaris 2018 docht Ropta Boys 45+ mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal foar 45+ teams. It is de earste kear dat it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal 45+ teams pleats fine sil. De wedstriden wurde kommende sneontejûn spiele yn sporthal “De Trije” te Frentsjer. Wy sille mei in achttal spilers ôfreizgje nei Frentsjer. Troch hjir oan mei te dwaan begjinne wy as 45+ team wêr oan in nije útdaging. Wy hawwe net oefene fan te foaren, mar miskien dogge ús treningen fertuten. Wy sille ús bêst dwaan op dizze 1e edysje fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal.

Wy binne yndield by Foarút, v.v. Hurdegaryp, Ljouwter Sweltsjes, Aldegea en Blau-Wyt’58.

It wedstriidskema is:

19.12 oere​Ropta Boys 45+​-​ Foarút 45+
19.36 oere​Ropta Boys 45+​​-​ v.v. Hurdegaryp 45+
20.00 oere​Ropta Boys 45+​-​ Ljouwter Sweltjes 45+
20.24 oere​Ropta Boys 45+​-​ Aldegea 45+
20.48 oere​Ropta Boys 45+​-​ Blau-Wyt’58 45+

Lieder Ropta Boys 45+