ROPTA BOYS 45+ BLEAUN EK ÔFRÛNE FREEDTEJÛN YN OPENDE UNFERSLEIN.
|Opende – Ôfrûne freedtejûn moast Ropta Boys 45+ foar de twadde searje fan trije wedstriden fuotbalje yn Opende. Mei njoggen spilers en de lieder waard der ôfset rjochting Opende. Foar oanfang fan de wedstriden krigen wy noch oanwizingen fan ús altiten tige belutsen Geert van Wieren. Wy moasten wol goed om de lofterkant tinke, wie syn ried. It wie in goed advys, mar troch Geert syn ôfwêzigens elke kear is dizze kant sa stadichoan hielendal ynnaam troch de links poaten Wiebe Dijkstra, Roel Sikkema en Frans Sijtsma. It wurd kommende tiid fjochtsjen foar in plakje Geert van Wieren. Fierder moat ik ús trije supporters, Hillebrand Tanja, Jan Bekker en Suhas Dijkstra tige tank sizze foar jimme stipe ôfrûne freedtejûn. It geroft gie dat trainer Hillebrand Tanja der wie om miskien noch in goeie 45+ pluzer te skouten foar Ropta Boys 2 om folgjend jier mei te draaien yn de reserve 2e klasse KNVB. It soe gean om de natuerlike lieder fan Ropta Boys 45+, Jack van der Vorst. Dit foarôf geande oan de ferslaggen fan de trije wedstriden. Dizze kear haw ik nei ôfrin ûnder it genot fan in pilske in pear spilers frege om wat op papier te setten fan de trije wedstriden. Ik haw hjirûnder harren befiningen sa goed mooglik ferwurde.
Ropta Boys 45+ – F.C. Grootegast 45+ 1 – 0.
In strieminne wedstriid mei in hiele protte kânsen dy’t net troch Rota Boys 45+ fersulvere wurden. Wy nimme gjin nammen seit de spiler dy’t dizze wurden opskreaun hat. It iennige doelpunt kaam út in foarset fan rjochts. Frans Sijtsma stapte as skynbeweging oer de bal hinne wêrtroch Theunis Linthof frij op goal sjitte koe, mar syn ynset wurde mei de fuotten fan de keeper tsjin hâlden. Mar yn de rebound wist Frans Sijtsma de bal foar de fuotten fan Arnold Nutma te koppen. Arnold wie wol tûk en makke de iennichste goal fan dizze wedstriid. Fierder wie Roel Sikkema der hiel tichteby. Syn folley rekke de peal mar de ferkearde kant en sadwaande bleau it by de winnende treffer fan Arnold Nutma. Einstân: 1-0.
Ropta Boys 45+ – De Wilper Boys 45+ 2 – 0.
De twadde wedstriid wie de beste en moaiste wedstriid fan Ropta Boys 45+ kant. Dit kaam om’t De Wilper Boys ek fuotbalje woe. Dêrtroch krige Ropta Boys 45+ ek romte, wêrtroch der moaie oanfallen op de griene matte lein waarden. Ropta Boys 45+ kaam nei tsien minuten op foarsprong troch in strak skot fan Jack van der Vorst. (1-0). In skoftke letter wie it natuerlik ús assisten kening Jack van der Vorst sels, dy’t mei in strakke foarset Arnold Nutma wist te berikken. By de twadde peal kopte Arnold de bal prachtich binnen foar de 2-0. Ek yn dizze wedstriid waard it houtwurk test. Frans Sijtsma krige twa grouwe kânsen, mar ien skeat hy neist en de oare rekke de peal. Fierder wie der fan Andries Weidenaar in prachtich skot fan healwei it fjild oer de keeper hinne. De keeper wie kânsleas, mar waard holpen troch de latte, wêrtroch Ropta Boys ek dizze wedstriid wûn. De wurden fan dizze twa ferslaggen komme fan Jack van der Vorst.
Ropta Boys 45+ – Opende 45+ 1 – 0.
De tredde en lêste wedstriid tsjin Opende wie tige en tige min. It kombinaasje fuotbal foel fiis ôf. It waard folle better doe’t Frans Sijtsma it fjild yn kaam. (Jimme hawwe wol troch dat dit syn eigen wurden binne) Hy fungearre as Haarlemmer oalje foar it sântal. Fierder wie der net safolle te skriuwen oer dizze wedstriid. In slop skotsje fan de assisten kening Jack van der Vorst wurde troch de Opende keeper ferkeard taksearre wêrtroch de 1-0 foel. Oer it algemien wie dizze wedstriid net om oan te sjen, mar dochs wêr trije punten foar de “âldsjes” fan Ropta Boys. Dit wie de oersetting fan Frans Sijtsma syn befiningen oangeande dizze lêste wedstriid. Nei it lêzen fan dizze trije ferslaggen fan Jack van der Vorst en Frans Sijtsma hawwe jimme wol troch dat it nettsjinsteande de trije oerwinningen folle better kin.
Konklúzje: It kin, nettsjinsteande trije kear winst, folle better, mar dêr binne ek tsjinstanners foar nedich dy’t in bytsje fuotbalje wolle. Yn dizze kompetysje is De Wilper Boys einliks de iennichste tsjinstanner dy’t út harren skulp krûpt. Folgjende wike probearje wy it op’e nij. Dan geane wy nei Grootegast foar de tredde spiel rûne yn dizze 45+ kompetysje.
Jan Torensma.