v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ BELIBBE IN NUVERE FUOTBALJÛN YN DROEGEHAM.

Droegeham – Ropta Boys 45+ hat wol bettere fuotbaljûnen hawn as ôfrûne freedtejûn op sportpark “It Doltsje” te Droegeham. De earste kompetysje rûnde wie ûnderskreaune as lieder lyrisk oer de prestaasjes fan syn ploech. Eartiids haw ik ek in protsje spilers figuerlik in pear hiele grutte fearren yn de kont stutsen. Efterôf haw ik as lieder no wol in bytsje spyt fan myn posityf skriuwen. Nei ôfrûne freedtejûn kinne de ynstutsen fearren der wol wêr úthelle wurde. It doel fan myn posityf skriuwen wie dat hja dan yn elts gefal op deselfde foet, as miskien noch better fuotbaljen soene yn de twadde rûnde. Mar dat blyk in utopy te wêzen. Ik sil de han dochs mar yn eigen boesem stekke, om’t it posityfe skriuwen net echt holpen hat foar dizze kear. Wy hawwe foar de folgende kompetysje rûnde wol wat goed te meitsjen foar ús troue en oanwêziche supporters Antje Allema en bern, Akke Greetje Mooibroek en Hendrika Sikma. Hja meitsje hast in wrâldreis en sjoche in ploeterjend Ropta Boys 45+. It earmoediche optreden wie net allinnich foar de supporters in desepsje, mar ek foar ús spiler Geert van Wieren. Hy wie de iennichste spiler dy’t de foarige kear der net by wie. Hy wie al in bytsje skruten en tocht dat der yn in wrald sântal terjochte komme soe. By foarbaat gie der al foar de reserverol, mar ek hy is dizze jûn fan de kâlde kermis thús kaam. It gûlen stie him neier dan it laitsjen oan it ein fan de jûn. En ja, no sille de minsken dy’t it lêze en der net by wienen sa stadichoan witte wolle wat der allegearre mis wie en gie by Ropta Boys 45+. Yn earste ynstânsje hawwe wy ús net populair makke by de trije tsjinstânners. Wat wie it gefal, wy fan Ropta Boys 45+ hawwe der noch in geef fuotbaljende kanjer by. Dizze spiler, Andries Weidenaar, is wetterfluch en altiten earder by de bal as de tsjinstânner. Mar spitichgenoch foel it dizze jûn yn ús neidiel út. Troch syn betidens wiene de tsjinstanners te let en foelen hja samar om. Dan binne der natuerlik ek skiedsrjochters dy’t tidens de wedstriden noait hoege te fluitsjen, mar dizze kear trije kear de kâns krigen om Ropta Boys 45+ in penalty tsjin te jaan. Neat ten neidiele fan de skiedsrjochters, om’t Ik begryp dat hja ek graach in kear fluitsje wolle, mar dêr wiene wy spitichgenoch it slachtoffer fan. Trije penalties sjen is folgens my in unikum yn tsien jier 45+ fuotbal. Miskien moatte wy it noch trochjaan as fermelding yn it Guinees Book as rekord. Jimme hawwe no sa stadichoan wol troch dat alles tsjin ús wurke ôfrûne freedtejûn.
Min fuotbalje, trije penalties om de earen, gjin gelôk en dêr neist ek noch in protte kansen misse om der dochs noch in goed einde oan te breidzjen. Om dochs posityf ôf te slúten bliuwe wy twadde en steane mar ien punt efter de koprinner BCV 45+. Hjirûnder noch trije lytse wedstriidferslachjes fan it memorabele optreden yn Droegeham fan Ropta Boys 45+.
Ropta Boys 45+​​ -​BCV 45+​​0 – 0.
Fanôf it begjin rûn it net by Ropta Boys. Wy koene mouilik de bal yn de ploech hâlde en kamen yn de begjinfase net yn de buurt fan de BCV keeper. BCV spiele wat makliker en hja krigen behoarlike mogelikheden om te skoaren. Mar mei goed keeperswurk fan Marten Kooistra en mei help van Sietse Allema en Andries Weidenaar bleaun Ropta Boys yn de wedstriid. Mar healwei de wedstriid gie it mis. Andries Weidenaar rekke syn tsjinstanner dy’t dernei noch in pear stappen troch rûn en foel. Penalty oardielde de skeidsrjochter. Mar op’e nij kaam Ropta Boys 45+ goed fuort, om’t de penalty útien spatte op de latte. Nei dizze penalty waard Ropta Boys 45+ wekker en krigen hja fia earst Piet Torensma en efkes letter fia Geert van Wieren twa hûndert persint kansen. Mar beide misten foar iepen doel, wêrtroch de einstân 0-0 bleau.
Ropta Boys 45+​​-​Droegeham​​4 – 1.
De útslach docht tinken oan in goeie wedstriid, mar dochs hie Ropta Boys folle faker skoarre moatten. Droegeham probearre te fuotbaljen, wêrtroch Ropta Boys rômte krige om te fuotbaljen en dêrfan einliks folle faker fan profitearje moatte hie om te skoaren. Fia doelpunten fan Theun Bouius, Theunis Linthof, Leo Mooibroek en Jack van der Vorst rûn Ropta Boys út nei 4-0. Dan is it spitich dat de skiedsrjochter in duel fan skouder tsjin skouder tusken Andries Weidenaar en in Droegeham spiler beoardielde as in penalty. It wie fier socht, mar dochs wier. Dizze penalty waard goed binnen sketten, wêrtroch Marten Kooistra spitichgenoch syn “clean sheet” kwytrekke.
Ropta Boys 45+​​-​Burgum 45+​​0 – 2.
Yn dizze wedstriid wie Ropta Boys gjin skim fan de ploech dy’t it yn goeie dagen wêze kin. Miskien wie it oars ferrûn as Jack van der Vorst yn de 1e minuut de bal yn it net sketten hie yn pleats fan keihurd op de latte. Dêrnei kaam Burgum rap op in 0-1 foarsprong, om’t Ropta Boys fersaakte goed om harren hinne te sjen. De Burgum spilers krigen alle gelegenheid om te spyljen. Yn earste ynstânsje kearde Marten Kooistra de bal, mar de rebound wie ek foar Burgum om binnen te sjitten. (0-1). Dêrnei hie Ropta Boys wol oerwicht, mar echte kansen wisten hja net te kreëarjen. It waard noch slimmer foar Ropta Boys. Op’e nij en foar de tredde kear krige Ropta Boys een penalty tsjin. Wêr in hiele frjemde penalty, om’t Andries Weidenaar wol deeglik in oertrêding makke, mar dizze oertrêding wie hast by de kornerflagge. Mar ek hjir fluite de skiedsrjochter en lei de bal op de stip. Ek dizze penalty waard goed yn sketten wêrtroch de einstân útkaam op 0-2. Sa kaam der in min ein oan de twadde kompetysje rûnde fan Ropta Boys 45+.
Konklúzje: Ropta Boys 45+ hat net harren beste fuotbal sjen litten, mar dochs bliuwt de skea beheind. Konkurrent BCV spiele gelyk tsjin Droegeham, wêrtroch wy twadde bliuwe op ien punt fan BCV. Oer twa wiken rekkenje ik thús op in better Ropta Boys 45+ dy’t dan op revâns út giet. Hjirûnder noch efkes de tuskenstân:

1. BCV 45+​​ 6 3 3 0 12 10 – 2.
2. Ropta Boys 45+​​ 6 3 2 1 11 9 – 3.
3. Burgum 45+​​ 6 2 0 4 6 5 – 13.
4. Droegeham 45+​ 6 1 1 4 4 6 – 12.

Ferslachjouwer Jan Torensma.