ROPTA BOYS 45+ BEHÂLD KOPPOSYSJE OP EIGEN SPORTPARK.
|Easternijtsjerk – Troch trije wedstriden te winnen en ien te ferliezen bliuwt Ropta Boys 45+ nei twa spielrûnden koprinner. Ropta Boys 45+ is útrûn op trije konkurrinten, mar net op it sterke Burdaard. Krekt as Ropta Boys 45+ pakte ek Burdaard 45+ trije oerwinningen en ferlear der ien fan Dokkum 45+. It wie kwa waar yn elts gefal in boppeslach ôfrûne freedtejûn. Moai droech skyn waar sûnder in suchje wyn. Ûnder lieding fan de skiedsrjochters Jaap Wiep Torensma en Simon Torensma wie de start om healwei achten in feit. Ropta Boys 45+ moast begjinne tsjin it sterke VCR 45+. In wike earder hie Ropta Boys 45+ muoite mei dizze tsjinstanner. Do wie it Andreis Weidenaar dy’t mei in net te ferjitten doelpunt de winst brocht foar Ropta Boys 45+. Dizze freedtejûn wie it Arend Castelein dy’t mei in bytsje gelôk it earste doelpunt makke. In skôt dat fan rjochting feroare fleach deryn. Mar de twadde en winnende treffer fan Arend Castelein wie fan grutte klasse. Hy omspiele trije tsjinstanners en skeat de bal dêrnei strak en ûnhâldber binnen. Einstân 2-1.
De twadde wedstriid tsjin Be-Quick D 45+ kaam Ropta Boys 45+ net echt yn de problemen. Ropta Boys 45+ kaam frij rap op in 3-0 foarsprong troch earst twa kanonkûgels fan Arend Castelein. Fan ôfstân makke hy twa moaie goals. (2-0). De tredde kaam tastân út in moaie kombinaasje mei as ôfmakker Jack van der Vorst. (3-0)
De tredde wedstriid is der ien om rap te ferjitten foar Ropta Boys 45+. Yn alle opsichten makke Ropta Boys 45+ der in soadsje fan. Ik wol en sil hjir net folle wurden oan smoarrich meitsje, mar folgens myn witten is fuotbal in sport dy’t as team spiele wurde moat. Fuotbal is krekt as yn it grutte minsken libben. Yn bytsje jaan en in bytsje nimme. Mei-elkoar en foar-elkoar troch de tiid. It plesier moat foarôp stean en net it barge biten rjochting elkoar. It wurd akseptaasje moat miskien binnen Ropta Boys 45+ it kaaiwurd wurde. Genoch hjiroer sein. De wedstriid tusken Ropta Boys 45+ tsjin Burdaard 45+ wie in terjochte 0-1 útslach foar Burdaard 45+. Hja wiene yn alle opsichten dizze wedstriid better dan Ropta Boys 45+. Burdaard kreëarre in hiele soad kansen, mar gelôkkich besparre keeper Marten Kooistra Ropta Boys 45+ in gruttere nederlaach. Einstân: 0-1.
Yn de lêste wedstriid tsjin Dokkum 45+ liet Ropta Boys 45+ har gesicht sjen sa as it moat by it fuotbaljen. Troch doelpunten fan Theun Bouius, Roel Sikkema en twa kear Jack van der Vorst pakte Ropta Boys 45+ in moaie en regelmjittiche oerwinning op Dokkum 45+. De einsân hie ek noch grutter útfalle kinnen, mar yn de slôtfase miste Jack van der Vorst noch in penalty om dizze keihurd op de latte te sjitten. Einstân: 4-1.
Konklúzje: Ropta Boys 45+ pakt har punten en stiet der op it stuit goed foar nei noch mar twa spielrûnden. Hjirûnder sjogge jimme de tuskenstân nei twa fan de fiif spielrûnden.
Tuskenstân:
1. Ropta Boys 45+ 8 7 0 1 21
2. Burdaard 45+ 8 5 1 2 16
3. VCR 45+ 8 4 1 3 13
4. Dokkum 45+ 8 1 1 6 4
5. Be-Quick D 45+ 8 1 1 6 4
Ferslachjouwer Jan Torensma.