v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+  BEGJINT  REEDLIK  OAN’E  KOMPETYSJE

Kollumersweach –  Ôfrûne freedtejûn wie it wêr safier. As de âldsjes fan de fuotbalferiening Ropta Boys stiene wy wêr as jonge hûnen oan’e start fan alwer in nije 45+ neijierskompetysje. De spilers hiene der sa’n sin oan dat de lieder in kar moast meitsje út de grutte seleksje 45+ spilers. Fan de sechstjin stiene der mar leafst fjirtjin te popeljen om te spyljen. Sa mei ik it as lieder natuerlik graach sjen. Dat jout oan dat sels it 45+ fuotbal binnen ús fuotbalferiening takomst hat de kommende jierren.  Sjoen de ledelist fan Ropta Boys sitte der ek noch wat talinten oan te kommen, it takom jier.  Sels ús nije tréner  Wietse van der Veen fan Ropta Boys 1 hie de muoite naam om te sjen as der noch potinsjele spilers tusken sieten foar it earste. Mar gelokkich rint dat net sa’n fart.  De resultaten fan ôfrûne freedtejûn wiene reedlik goed op it strieminne tréningsfjild. It tréningsfjild wie min, mar de ferljochting wie dramatysk. Mar dat wie natuerlik foar elke ploech gelyk.

Ropta Boys 45+  –  F.C. Birdaard  45+  2 – 0.

De start foar beide ploegen wie net goed te neamen. Foar Ropta Boys rekke spits Arnold Nutma fuortendaliks blessearre oan it kût en by Burdaard wie it Riemer Kooistra dy’t mei deselde blessuere nei de kant moast. Fierder wie it in gelyk opgeande wedstriid. It wie natuerlik de earste wedstriid fan it seizoen dat it heechsteande fuotbal wie noch fier te sykjen. Dochs wie it Ropta Boys dy’t de wedstriid nei harren hân sette troch de iepeningstreffer fan Geert van Wieren. Út in pass fan Theunis Linthof skeat Geert van Wieren syn ploech nei 1-0. Dêrnei probearre Burdaard de drok op te fieren, mar de efterhoede fan Ropta Boys besteande út Yme Braaksma, Wiebe Turkstra en Frans Sijtsma joegen net folle wei. As dat wol barde wie dêr as super betroubere slútpost Marten Kooistra. Nei in tsjok kertier spyljen wie it Jack van der Vorst dy’t de earste trije punten feilich stelde troch de 2-0 te skoaren fia in drôge skower yn’e hoeke. (2-0)

Ropta Boys 45+  –  Dokkum 45+   1 – 2.

Yn dizze wedstriid kaam Ropta Boys op in rappe foarsprong troch alwer in doelpunt fan spits Geert van Wieren. (1-0) Dizze kear wie Jack van der Vorst dyjinge dy’t dizze kear op’e tiid de bal spiele op Geert. Fuortendaliks nei dizze foarsprong hie Jack van der Vorst de wedstriid yn it slot goaie moatten. Allinnich foar iepen doel skeat hy de bal lâns de ferkearde kant fan de peal. It soe úteinlik in djoere misser wurde. Dokkum kaam sterk wêrom. Ropta Boys hie hâlden en kearen oan de foarhoede fan Dokkum. Troch twa kear bal ferlies op it middenfjild wiene hja yn de omskeakeling folle rapper dan de measten fan ús. De spits fan Dokkum wie tige rap en skoarde twa kear foar syn ploech Dokkum, wêrtroch Ropta Boys ferlear fan dizze goeie tsjinstanner. (1-2)

Ropta Boys 45+  –  Friese Boys 45+  0 – 0.

Friese Boys is natuerlik in âlde bekende en foar ús ploechje meastentiids in maatsje te grut. Wy hawwe noch nea fan harren wûn, ien kear in gelykspul en oars wiene it elke kear krappe nederlagen. Se hawwe harren sels fan’e simmer op de transfermerke bejûn. Stjer spiler Sieger Swart út Ferwert is alhiel oerkaam fan Wardy nei Friese Boys. Mar Ropta Boys soe Ropta Boys net wêze om yn elk gefal de hegemony fan Friese Boys probearje te trochbrekken. It slagge hast. Wiebe Turkstra hie sich foar Ropta Boys 45+ ûnstjerlik meitsje kinne troch yn de slotminút de winnende treffer te skoaren. Mar Wiebe syn rusk lâns de rjochterkant fan it fjild einige mei in skot krekt lâns de ferkearde kant fan de peal. It wie Wiebe Turkstra ek dy’t yn it begjin fan de wedstriid Friese Boys liet skrikken troch op de krusing te sjitten. Foar de rest wie it ienrjochtingsferkear fan in folle better en sterker Friese Boys. Hja skeaten út alle hoeken op it doel. Hja krigen mear as in hânfol kânsen, mar de allergrutste útblinker oan Ropta Boys side wie keeper Marten Kooistra. Hy wie freedtejûn net passearber foar Friese Boys. Marten pakte alles en wie de grutte stie yn de wei en stapte nei 25 minuten fuotbal as grutte oerwinner fan it fjild, as man fan de wedstriid. Mei keunst en fleanwurk hâlde Ropta Boys de nul en pakte sa de earste punten ôf fan Friese Boys. Dochs in knappe prestaasje.

Konklúzje: De kop is der ôf foar Ropta Boys 45+ mei alle soarten útslaggen dy’t der binne yn it fuotbal. Winst, gelyk en ferlies. Freedtejûn 29 septimber 2017 is de folgjende kompetysje rûne by Ropta Boys thús op sportpark “De Fiver”.

Jan Torensma