v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ BEGJINT DE FOARJIERSKOMPETYSJE GOED.

Easternijtsjerk – Einlings wêr kompetysje fuotbal foar Ropta Boys 45+. De neijierskompetysje wie in komplete flop, om’t de ploegen Oostergo 45+ en GSVV 45+, harren út de kompetysje wêrom lútsen hiene. Hjirtroch koene wy en Gryptsjerk 45+ net yn kompetysje ferbân fuotbalje. Ek de neijierskompetysje begûn net ûnbesprutsen. Freedtemiddei om healwei fiven skille tsjinstanner Opende 45+ ôf fanwegen sike en fakânsje fierende spilers. De start wie hjirtroch wêr net optimaal. Gelokkich wiene de oare beide ploegen, De Wilper Boys 45+ en F.C. Grootegast 45+, wol oanwêzich. Yn alle wiisheid hawwe wy mei inoar besluten om de wedstriden te ferlingen nei 30 minuten suvere spyltiid. Nettsjinsteande de kjeld op dizze freedtejûn hawwe wy der mei de oanwêzige trije ploegen, skiedsrjochter Jan Bekker en kantinebaas Bas Dijkstra der in moaie en gesellige freedtejûn fan makke. Foar Ropta Boys 45+ wie de jûn alhiel slagge troch dat hja beide wedstriden tsjin sawol De Wilper Boys 45+ as F.C. Grootegast 45+ mei winst besletten. Hjirûnder stiet noch twa lytse wedstriid ferslachjes oer de ferrjochtingen fan Ropta Boys 45+.

 
Ropta Boys 45+ – De Wilper Boys 45+ 6 – 3.
Mei njoggen spilers en de lieder wa der ôftrape om goed healwei achten tsjin de onbekinde tsjinstanner De Wilper Boys 45+. It wie in iepen wedstriid mei in hiele protte doelpunten. Ropta Boys 45+ wie de boppe lizzende party, mar kaam wol op efterstân nei in kounter fan De Wilper Boys. (0-1) Mar it antwurd fan Ropta Boys 45+ wie fenomenaal. Op Geert van Wieren syn lofterkant wie it Roel Sikkema dy’t de bal snoeihurd en diagonaal de winkelheak yn skeat. In wrâldgoal fan Roel. (1-1) Mar op advys moast ik ek de assist neame yn myn ferhaal. Jimme kinne hast de assist riede, ús altyd oanwêzige Jack van der Vorst.
(No’t dochs de namme van Wieren fallen is yn it ferslach it folgjende. Der wie justerjûn nei ôfrin nochal wat opskuor binnen de seleksje fan Ropta Boys 45+. De hear van Wieren hie kreas op’e tiid ôfsein foar dizze searje wedstriden. De reden wie net bekend en dat hoecht ek net, mar as dan efterôf docht bliken dat it Hearrenfean belang boppe it clubbelang komt dan moat der binnenkoart dochs efkes praat wurde binnen de Ropta Boys 45+ seleksje. Soksoarte aksjes dogge jo as lieder de eachbrauen fronselje)
Nei dizze lykmakker rûn Ropta Boys út mei goals troch Jack van der Vorst (frije trap) en Theunis Linthof (skot fan ôfstân) nei 3-1. In kombinaasje tusken Arnold Nutma en Piet Torensma betsjutte de 4-1 foar Ropta Boys 45+. De Wilper Boys spartele noch efkes tsjin troch 4-2 te meitsjen, mar Ropta Boys 45+ kaam net echt yn gefaar. En as hja gefaarlik wiene stie Ropta Boys 45+ keeper Marten Kooistra yn syn nije blauwe outfit in doelpunt yn’e wei. De 5-2 wie in eigen doelpunt fan harren en de 6-2 kaam op namme fan Jack van der Vorst. It lêste doelpunt fan dizze wedstriid kaam op namme fan de Wilper Boys 45+, wêrtroch dizze doelpuntrike wedstriid einige yn 6-3.

 
Ropta Boys 45+ – F.C. Grootegast 45+ 2 – 1.
Troch it missen fan hiele grutte kânsen foel dizze oerwinning minimaal út. Fia in streep fan Arnold Nutma kaam Ropta Boys betiid op 1-0. Efkes letter wie de Piet Torensma dy’t Ropta Boys út in moaie kombinaasje op 2-0 sette. Neat oan de hân tochten wy oan’e kant lâns de line. Mar it bleau frij lang 2-0 en Ropta Boys 45+ ferprutste de grutste kânsen om de wedstriid yn it slot te goaien. Dan komt de âlde fuotbal wet wêr boppe driuwen: As sels de grutte kânsen net makkest dan docht de tsjinstanner dat úteinlik wol. Sa wie it freedtejûn ek en noch in hiele moaien ek. Mei in geweldige lob wa de Ropta Boys 45+ efterhoede en keeper Marten Kooistra yn it himd set foar de 2-1. Mar fierder dan 2-1 kaam it net, wêrtroch Ropta Boys 45+ de folle winst pakt. Ek om’t de wedstriid tsjin Opende 45+ foar alle trije ploegen op in 3-0 oerwinning set is yn’e tuskenstân. Einstân yn dizze wedstriid wie 2-1 foar de thús ploech.

 
De Wilper Boys 45+ – F.C. Grootegast 45+ 2 – 1.

 
Konklúzje: Netstijnsteande de kjeld is de kop der ôf foar Ropta Boys 45+ yn dizze foarjierskompetysje mei trije oerwinningen. De folgjende kompetysje rûne is op freed 31 maart 2017 by de V.V. Opende.
Ferslachjouwer Jan Torensma.