v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ AS IN SPEAR ÚTEIN YN’E KOMPETYSJE.

Burgum – Allerearst wol ik ús iennichste twa supporters, Antje en Suzanna Allema tank size foar harren stipe ôfrûne freedtejûn. Hja binne de ienniche twa tsjûgen fan de dochs wol ferrassende en moaie start fan Ropta Boys 45+. Lit my it sa sizze: Op sportpark “It Keningslân” te Burgum fielde Ropta Boys 45+ harren de kening te ryk. It wie yn alle opsichten in posityfe en prachtiche fuotbaljûn foar Ropta Boys 45+. It ienniche lytse smetsje wie dat wy gelyk spylje tsjin BCV, wylst in oerwinning dik ferstjinne wêze soe. Mar spitichgenoch waarden inkele hiele goede kansen net fersulvere en de keeper fan BCV yn elts gefal twa wrâldreddingen ferrjochte om Ropta Boys 45+ fan de trije punten ôf te hâlden.
Nettsjinsteande de krapte om dizze kear op njoggen spilers te kommen, sels de lieder moast der dizze kear oan leauwe om te spyljen, gie it dochs foarspoedich. Foar de rest wiene it ôfrûne freedtejûn allegear hichtepunten.
Ik begjin mar mei it foartreflike debút fan Leo Mooibroek yn Ropta Boys 45+. Hy sette yn de lêste wedstriid de kroan op syn debút troch noch efkes in doelpuntsje mei te pikken tsjin Burgum. Spitichgenoch mocht syn frou Akke-Greetje syn debút net sjen as supporter. Leo hâlde de boat in bytsje ôf, mar foar in oare kear bisto fan herte wolkom om ús prestaasjes en natuerlik die fan dyn man te bewûnderjen. Fierder wie der wêr in haadrol foar ús dochs foartreflike keeper Marten Kooistra. It bard wol faker by Marten, mar ek ôfrûne freedtejûn hâlde hy wêr trije kear de nul. Dat nimme se leau ik in “clean sheet”. Fierder kin ik as lieder dizze kear allinnich mar posytyf wêze. Mei hiel goed fuotbal frustearre Ropta Boys 45+ harren tsjinstânner, mei as gefolch hurde sjarjes op de inkel fan Andries Weidenaar en op de knibbel fan Piet Torensma. Gelôkkich kamen se der beide mei blaue plakken goed foar wei. No’t ik it dochs oer Piet Torensma haw, hy makke freedtejûn yndruk en fleach as yn syn jonge jierren oer it fjild. Syn meispilers fregen him nei ôfrin as der miskien wat brúkt hie fan tefoaren. Net allinnich de hjir boppe oanhelle spilers, mar ek de oare spilers stiene ôfrûne freedtejûn as keardels te fuotbaljen. It wie gewoanwei in goed begjin fan Ropta Boys 45+ oan de kompetysje, mar sa as elkenien wol wit makket ien sweltsje noch gjin simmer. Dêrom steane der noch trije fuotbalrûnden op it programma. Fierder wol ik jimme de goeie resultieten net ûnthâlde en steane hjirûnder beskreaun.
Ropta Boys 45+​​-​Droegeham 45+​​2 – 0.
Yn dizze wedstriid hie Ropta Boys 45+ geduld nedich. Droegeham liet sich net út de tinte lokje. Mei kombinaasjes kaam Ropta Boys 45+ der net trochhinne, mar dan binne der altiten noch skotten fan ôfstân. Hjir wie Ropta Boys 45+ trefseker mei troch de 1-0 fan Andries Weidenaar en 2-0 fan Theunis Linthof.
Ropta Boys 45+​​-​BCV 45+​​​0 – 0.
Tsjin in goeie tsjinstanner spiele Ropta Boys 45+ har beste wedstriid. It wie in wedstriid mei striid en passy. Ûnder lieding fan Sietse Allema en Andries Weidenaar waarden de oanfallen fan BCV yn’e kiem smoart. It spul gie op en del, mar de grutste kansen wienen foar Ropta Boys. Fia in prachtich moaie oanfal kaam Theun Bouius each yn each te stean mei de goeie keeper fan BCV. De ynset fan Theun wie fan tichteby hurd, mar de keeper fan BCV joech gjin belies. Fierder wienen der noch twa goeie mooglikheden foar Theunis Linthof en Andries Weidenaar, mar beide kearen wie de redding fan de BCV keeper foartreflik. It wie dúdlik dat hy it punt pakte foar syn ploech. Yn de lêste sekonden fan de wedstriid hie Andries Weidenaar de 1-0 op syn skoech, mar hy waard mei in sliding ferskriklik hurd del helle en mocht fan gelôk sprekke dat der mei in iepen fuot en in blau plak fierder koe.

Ropta Boys 45+​​-​Burgum 45+​​​3 – 0.
De lêste wedstriid kombinearre Ropta Boys 45+ nei hertelust. De trije doelpunten kamen troch kombinaasje spul tastân. By de 1-0 fan Theun Bouius kaam de assist op namme fan Piet Torensma, mar hy moast syn assist wol bekeapje mei in sjarje fan de keeper op syn knibbels. Mar krekt as Andries koe hy gelôkkich ek fierder. De 2-0 fan Jack van der Vorst wie ek wêr in gehiel útspiele oanfal.
Itselfde jild foar de 3-0 fan Leo Mooibroek. Nettsjinsteande de protte kansen dy’t Ropta Boys kreajerre wie Burgum einliks de iennichste tsjinstanner dy’t foar inkel gefaar soarge foar ús keeper Marten Kooistra. Mar sa as yn oanlieding oanjoen wie Marten Kooistra net te passearjen ôfrûne freedtejûn.

Konklúzje: In fleanende start fan Ropta Boys 45+ dy’t wy oer twa wike op freedtejûn 26 april 2019 graach in goed ferfolch jaan wolle.

Lieder Jan Torensma.