Ropta Boys 3 lit de punten by De Lauwers lizze
|It tredde mocht ôfrûne sneon mei prachtich maaitiidswaar oantrede yn Warfstermûne. Nettsjinsteande de problemen fan de leider Andries Visser om alve spilers te finen om te begjinnen, begûn Ropta Boys sterk. Oaral op it fjild waarden de duels wûn en mei wat wynfoardiel waard De Lauwers festset krekt foar harren eigen goal. It middenfjild mei Simon Jan Mol en Jenne Ljibbe Dykstra wûn alle duels en foaryn setten Remy Leusink, Tseard Bekker en Andries Visser fuortendaliks druk op de ferdediging. Der waarden wol wat kânsen kreearre mar spitichernoch laat dit net ta in goal.
Nei in lytst heal oere koe De Lauwers wat under de druk weikomme, mei foaral fysieke aksjes, mear op de man as op de bal. Rjochtsback Jan de Vries wie dêr it foarnaamste slachtoffer fan doe’t hy by in oanfallende aksje ferfelend rekke waard, hy moast letter ek wissele wurde. Dêrtroch wy hy ferdigend wat minder snel, wat mei de oarsaak wie fan de tsjingoal fan de Lauwers. Mei de senior Theun Bouius moasten de twa snelle de Lauwers spitsen tsjinhâlden wurde, dat slagge net alhiel en op snelheid koe de linksfoar fan De Lauwers de sechtjin binnenrinne en de hoeke útsykje. Krekt letter wie it al 2-0 foar de thúsploech. By in al ôfsleine oanfal koe de spits fan de Lauwers de bal toch noch oppikke en mei wat help fan de wyn de bal yn de krúsing sjitte. Sa gie Ropta Boys wylst sy eins sterker yn it spul wiene dochs mei in 2-0 achterstân oan de thee.
De twadde helte gie Ropta Boys op syk nei de goal. No hie De Lauwers de wyn yn de rêch en mei harren snelle spitsen levere dit ek sa no en dan gefaarlike situaasjes op, foaral keeper Renze Visser wie skerp en altiten earst by de bal foar it echt gefaarlik wurde koe. Mar meastentiids koe Ropta Boys goed kombinearrend foar de goal fan De Lauwers komme. Ek wiene de kânsen no wol wat grutter as yn de earste helte. In foarset fan Tseard Bekker fan links rolle stadich hast oer de doelline foar de hiele goal lâns mar Andries Visser wie krekt te let en sa gie de bal nei de rjochterkant fan it fjild. Letter prikte Andries Visser allinne foar de keeper de bal krekt neist de goal. Mar doe krige by in oanfal fan De Lauwers de lyste snelle spits de bal oanspile op de râne de sechtjin. Hy waard net skerp ferdedige en krige alle tiid om út te heljen en mei help fan de wyn liet hy keeper Renze Visser kânsleas. Doe wie de wedstriid eins wol spile. Wol skoarde Ropta Boys noch. Tseard Bekker waard op de râne fan bútenspul de djipte yn stjoerd en hy wist ien op ien mei de keeper de bal behearst binnen te tikjen. Einstân 3-1.