v.v. Ropta Boys sinds 1965

MOAIE ROPTA BOYS FOTO MEI IN PEAR FRAACHTEKENS.

Dokkum – Dizze kear in moaie swart-wyt foto fan in Ropta Boys ploech. Alle spilers op ien nei kin ik boppe wetter helje. Neffens mei binne it de B-junioren, mar fan hokker seizoen is my net presies bekend. Neffens myn inskatting moat dizze foto ein jierren santich as begjin jierren tachtich makke wêze. Ik tink dat it in kampioensfoto is, mar dat wit ik ek net seker. Dêrom wol ik graach de stipe hawwe fan de lêzers. Ik haw trije fragen oan jimme as lêzers en natuerlik perfoarst oan de spilers dy’t op de foto steane.

  1. Wat is de namme fan de spiler dy’t ik net wit?
  2. Fan hokker seizoen is dizze foto? Wannear is dizze foto makke?
  3. Wêrom is dizze foto makke?

Foto:
Steande fan links nei rjochts: tréner/lieder Gosse Braaksma, ????????????????, Mario Nicolai, Simon Sijtsma, Jacob Douma en Pieter Terpstra.
Sittend fan links nei rjochts: Ido Weidenaar, Gosse Wijnsma, Marten Kooistra, Aize Tolsma, Anne Gerrit Elzinga en Jan Meindersma.

Ik hoopje dat de lêzers as spilers op de foto my folsleine dúdlik jaan kinne oer dizze moaie foto.

Argivaris Jan Torensma.

RB B nb