Kening fan de assist Birhanu besoarget Andries in hattrick
|It tredde fan Ropta Boys moast sneon yn Blije oantrede tsjin de kombinaasje Blija 2/ Holwert 3. It fjild yn Blije wie droech genôch mar dochs wat hobbelich foar de Ropta Boys spilers dy’t altiten op it keunstgêrs spylje. Nei in pear minuten koe good old Theunis Linthof, dy dochs yn de tiid fan âlderwetse minne fjilden syn oplieding hân hat, de bal net goed ferwerke fanwege in hobbeltsje en koe de Blije spits allinne op keeper Rinze Visser ôf. Dy glide ek noch ûnderút op it glêde fjild en sa wie it fuort al 1-0. Mar dêrnei liet Ropta Boys sjen dat it in folle bettere ploech hat. Der waard op de helte fan Blije fuotballe en nergens oars. Jimke Haaksma spile de hiele ferdedigig fuort en mei in subtiele beweging betsjinne hy Andries Visser dy’t frij foar de keeper stie, 1-1. Fuort dêrnei wie it Birhanu Rispens dy’t ek fan links mei in moaie boogbal Tseard Bekker berikte dy’t mei de holle de bal yn de fierste hoeke deponearre, 1-2. Ropta Boys krige noch in bulte kansen mar wie lang net mear sa effectief as yn it begjin. Op it ein fan de earste helte bruts Tseard nei in foarset fan Birhanu troch op rjochts mar stuitte op de keeper. Yn de konsternaasje want de mannen fan Blije mienden dat it bûtenspul wie, wie Andries Visser der lykwols rap by om de bal mei in lobke yn de goal te wippen. De goed leidende skiedsrjochter keurde de goal terjocht goed en sa wie it 1-3. Mar op slach fan de rêst kaam Blije wer tichterby. Yn in oanfal dy’t net gefaarlik like want der wiene in protte Ropta Boys spilers yn de buert waard de bal sa yn de hoeke knalt, 2-3.
Nei de rêst wie it beeld hiel oars. Blije hie no de wyn yn de rêch en de keeper brûkte hieltiten de lange bal en dat ferivele de krekt wiksele Theun Bouius. De ek al ynfallende spits fan Blije wie fysiek wat sterker en wist de bal fan tichtby tusken Theun en keeper Rinze Visser yn de goal te prikken, 3-3. Ropta Boys sette wer oan en wie ek sterker oan de bal. Mar troch it wynfoardiel en de lange bal kaam Blije der sa no en dan ek geregeld gefaarlik út. Birhanu Rispens wie hjoed goed op dreef en sette Tsjeard Bekker wer frij foar de goal, 3-4. Mar de ferdediging fan Ropta Boys wie hjoed net sa skerp as de Blije spitsen en it waard wêr gelyk. Op ‘e nij sette Ropta Boys oan en kaam wer op foarsprong. De kening fan de assist Birhanu wist op ‘e nij Andries Visser by de twadde peal te berikken, 4-5. Mar de winst wie hjoed net weilein foar de geelgrienen. Krekt foar tiid wist Blije wêr gelyk te meitsjen. Einstân 5-5.
Hja soene sizze in moaie wedstriid foar it publyk mei tsien goals. Mar de troue Ropta Boys oanhang, yn de persoan fan Gert van der Meulen wie min oer de wedstriid te sprekken en drige sels dat hy tenei net mear meigean sil. Dat moatte wy fansels net hawwe. Dus Ropta Boys spilers de kommende wedstriden wêr oan de bak.