v.v. Ropta Boys sinds 1965

KAMPIOENSFOTO ROPTA BOYS B1 FAN IT SEIZOEN 1971-1972.

Dokkum – Dizze kear in foto fan 44 jier lyn. It binne de B-junioren fan Ropta Boys dy’t hjir op de foto steane. Dizze B-junioren soenen de jierren hjirnei útgroeie ta de beste A-junioren dy’t Ropta Boys ea hawn hat yn 50 jier skiednis. Nei it kampioenskip kaam de ploech in jier letter út yn’e promoasje klasse fan de A-junioren.

De spilers op dizze foto binne: Steande f.l.n.r. Janco Weidenaar, Gerrit de Jong, Floyd Tjeerdsma, Klaas van der Zee, Metske van der Meulen, Jopie de Vries, Henk de Vries en lieder Lieuwe van der Zee. Sittend f.l.n.r. Harry Jansma, Siebe Katsma, Anne de Vries, Bram Weidenaar, Livius Meinsma, Klaas Bekker en Dicky van der Mossel.
Argivaris Jan Torensma.

RB Lauwers.pdfb1 7172 1