v.v. Ropta Boys sinds 1965

It Ropta Boys argyf.

Dizze kear wol ik fia in kranteknipsel út it seizoen 1990-1991 efkes Ropta Boys 3 warskôgje foar Arnold Nutma, de spits fan Ropta Boys 45+. Fierder is it ek wol goed foar de spilers fan Ropta Boys 1 om it stikje fan eartiids efkes te lêzen. Foar Ropta Boys 1, it jildt ek foar de oare alvetallen, is it somtiden muoilik om yn ien seizoen 8 doelpunten te skoaren. Yn it taheakke kranteknipsel kinne jimme lêze dat spits Arnold Nutma it prestearre om yn ien wedstriid tsjin De Lauwers 8 kear te skoaren. In unike prestaasje eartiids fan spits Arnold Nutma.

JT

RB - Lauwers