v.v. Ropta Boys sinds 1965

IT GIET WÊR OAN MEI ROPTA BOYS 45+.

Dokkum – De maitiid stiet wêr foar de doar. Dan meie “de âldsjes” wêr oan de slach. Kommende freedtejûn begjint Ropta Boys 45+ wêr oan harren kompetysje. Dizze kear is Ropta Boys 45+ yndield by Dokkum 45+, Burdaard 45+ en V en V’68 45+ út Garyp. Kommende freedtejûn wurd fuotballe by de v.v. Dokkum fan ôf 19.30 oere. Op freedtejûn 20 april wurd der fuotballe yn Burdaard en freedtejûn 11 maaie yn Garyp. De lêste freedtejûn 25 maaie 2018 is Ropta Boys 45+ sels de gasthear. Neist de kompetysje krije de spilers it fan Ropta Boys 45+ noch drok.

It skildersbedriuw Nutma toernoai.
Op freedtejûn 8 juny 2018 wurd it jierliks wêrom kommende Skildersbedriuw Nutma toernoai hâlden op ús eigen sportpark “De Fiver”. Hjir dogge meastentiids ploegen mei dy’t sponsor Arnold Nutma sels útsiket en freget foar it moaie en gesellige toernoai.
Copa Ropta.
Op sneon 16 juny 2018 hawwe wy ús opjûn foar it jierlikse wêrom kommende Copa Ropta toernoai. Foar de earste kear, om’t de opset feroare is, binne wy ek wolkom. It is in toernoai fiif tsjin fiif op in lyts fjildsje.
Neist de kompetysje en toernoaien is der ek elke wike op moandei- en woansdeitejûnen de mooglikheid om in oerke te trénen. Op dizze wize probearje wy mei in groep fan 17 persoanen it 45+ fuotbal yn libben te hâlden by Ropta Boys. Lâns dizze wei noadigje wy elkenien út om dizze “âldsjes” in kear oan te moedigen. Jimme binne fan herte wolkom.

Lieder Jan Torensma.