v.v. Ropta Boys sinds 1965

IT 2E SKILDERSBEDRIUW NUTMA TOERNOAI OP FREEDTEJÛN 17 JUNY 2016.

Kommende freedtejûn 17 juny 2016 slute wy (Ropta Boys 45+) it seizoen ôf mei it jierlikse Skildersbedriuw Nutma Toernoai. Dit jier foar de twadde kear. Nei ôfrin wurd der troch de sponsor Arnold Nutma in BBQ organisearre op sportpark “De Fiver”te Easternijtsjerk. De dielnimmende ploegen binne Be-Quick Dokkum 35+, De Westereen 35+, Zuidhorn 45+ en natuerlik Ropta Boys 45+.

It toernoai begjint om sân oere. (19.00 oere)  It wedstriidskema is hjir ûnder ôfdrukt.

19.00 – 19.25 oere  Ropta Boys 45+  –  De Westereen 35+

19.00 – 19.25 oere  Zuidhorn  45+  – Be-Quick D 35+

19.30 – 19.55 oere  Ropta Boys 45+  – Zuidhorn  45+

19.30 – 19.55 oere  De Westereen 35+  –  Be-Quick D 35+

20.00 – 20.25 oere  Ropta Boys 45+  –  Be-Quick D 35+

20.00 – 20.25 oere  Zuidhorn  45+  –  De Westereen 35+

Natuerlik hoopje wy ek freedtejûn op in bytsje stipe fan ús publyk. Elkenien is dêrom fan herte útnûge om freedtejûn efkes lâns te kommen op sportpark “De Fiver” te Easternijtsjerk. De kantine is iepen

Ik soe sizze oant freedtejûn om sân oere.

Lieder Ropta Boys 45+.