v.v. Ropta Boys sinds 1965

In útblinkende keeper Rinze Visser mar gjin punten foar Ropta Boys 3

Ropta Boys 3 moast sneon yn Holwert tjsin de koploper yn de kompetysje balje. Krekt foar de buien op koe der mei moai rêstich waar in lekkere pot spile wurde. Ropta Boys makke harren klear foar in drege wedstriid, thús wie kânsleas ferlern fan de blauen út Holwert. It begjin wie yn elts gefal foar Holwert, foardat de wedstriid goed begong wie stie Holwert al op foarsprong. De ferdedigers fan Ropta Boys steane net allegear goed en sa koe de bal fanôf de râne fan it strafskopgebiet yn de hoeke prikt wurde. Mar nei dizze minne start waard Ropta Boys hieltiten better. De ferdediging joech eins gjin grutte kansen mear wei en sa no en dan waard Ropta Boys gefaarlik foar de Holwert goal. De grutste kâns wie foar Tseard Bekker dy’t troch de Holwert ferdediging soleerde mar fan tichtby net de bal yn de goal krige. Dy bal karambolearde foar de fuotten fan Andries Mol dy’t fan hiel tichtby de bal spitichernôch oer de goal hinne skeat. Sa bleau it 1-0 by de rust.
De twadde helte sette Ropta Boys goed troch. It krige noch wol wat kanskes, mar de bal woe der net yn. Mar troch wat foutsjes troch wurgens fan de ferdedigers fan Ropta Boys krigen de oanfallers fan Holwert steeds mear kânsen. Geregeld koe der in Holwerter troch de ferdediging glippe en allinich op de Ropta Boys goal ôfkomme. Mar eltse kear stie dêr keeper Rinze Visser dy’t elke bal pakte. Ek by alle foarsetten dy’t rjochting de goal kamen wiene foar Rinze. Mar fanwege dy wat sneue goal yn it begjin levere dit gjin punten op. Einstân 1-0.