v.v. Ropta Boys sinds 1965

FOTO  ROPTA BOYS 1  FAN  AUGUSTUS 1978. (BENEI 38 JIER LYN)

Dokkum – Dizze wike haw ik keazen foar in âlde foto fan Ropta Boys 1, dy’t makke is op de tarieding fan it seizoen 1978-1979.  ( Benei 38 jier lyn) Ik wit it net seker, mar neffens mei is dizze foto sketten yn Kollum op it Lauwersmeer toernoai. Mar dêr bin ik net wis fan. Miskien kin ien fan de spilers mear dúdlikheid jaan. Sa as jimme sjen kinne op dizze foto, wie der gjin shirtreklame en ek skynbeskermers wiene net ferplicht. De namen fan de spilers steane sa as jimme lêze kinne yn it skriuwen ûnder de foto.

Argivaris Jan Torensma.

RB 1978