v.v. Ropta Boys sinds 1965

FOTO FAN IT KAMPIOENS-ALVETAL ROPTA-BOYS DAMES ÚT 1984.

Dokkum – Dizze wike in kampioensfoto fan de Ropta Boys dames út it jier 1984. Ûnder lieding fan Goasse Braaksma wisten de Ropta Boys Dames it neijier kampioenskip te beheljen troch in 0-8 oerwinning op’e Dames fan Oostergo. In moaie foto wêr’t de Dames noch spielen yn it iennige echte Ropta Boys tenu. De foto is gjin kleur, mar de griengiele shirts, swarte broeken en griengiele sokken wiene de echte Ropta Boys kleuren. Dizze klean wie eartiids allinnich te keap by sportsaak Straatsma op de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum. Dizze saak ferkocht alle klean foar de omlizzende fuotbalferieningen. Sommigen sille dat noch wol witte.

Argivaris Jan Torens.

RB Dames