FOAR-JIER KOMPETYSJE MEI TE WIKSELFALLICH ROPTA BOYS 45+.
|Easternijtsjerk – Foargeande oan de lêste kompetysje rûne foar de 45+ fuotballers binne wy mei de fjouwer ploegen Friese Boys, Gryptsjerk, Dokkum en Ropta Boys byinoar kaam. Wy binne byinoar kaam om in minút stilte yn acht te nimmen foar lieder Meindert E Hilboezen fan Friese Boys 45+. Hy is yn’e âldens fan 54 jier nei in slimme sykte ferstoarn. Ta neitins oan syn te koarte libben hawwe wy as groep in minút stilte yn acht naam. Ek lâns dizze wei winskje wy de famylje, freonen en syn fuotbal maten fan Friese Boys 45+ sterkte ta mei it ferlies fan Meindert.
Nei de oertinking hawwe wy mei syn allen ien fan de bysaken yn it libben wêr oppakt, it fuotbaljen. De doelstelling fan Ropta Boys 45+ wie om it twadde plak oer te nimmen fan Gryptsjerk 45+. It slagge hast, mar úteinlik krekt net. Yn de lêste wedstriid wa spektakulêr mei 3-4 ferlern fan Gryptsjerk. In opstekker wie wol dat Ropta Boys 45+ foar it earst yn dizze kompetysje wûn fan kampioen Friese Boys 45+. Hjirûnder binne noch in pear lytse ferslachjes fan de lêste trije wedstriden út de wikselfalliche foarjier kompetysje fan Ropta Boys 45+
Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 2 – 0.
Dizze wedstriid gie tige muoisum om’t Dokkum 45+ mei syn alle spilers foar de it doel hingjen bleau. Ropta Boys 45+ kaam der yn earste ynstânsje net trochhinne. It wie sels Dokkum dy’t fia de kounter bettere kânsen krige dan de thúsklup. Mar yn de slotfaze moast Dokkum 45+ dochs kapitulearje. De earste kâns fan Jappie de Vries gie noch krekt neist, mar de twadde echte kâns wie raak. It wie in prachtich doelpunt. It wie Arnold Nutma dy’t fan ôf de rjochterkant in foarset op maat ôflevere op de blonde krollen fan Geert van Wieren. Geert kopte de bal tsjin de tried yn perfekt binnen. (1-0) It ferset fan Dokkum wie brutsen en Arnold Nutma makke krekt foar de tiid de 2-0 mei in skot dy’t mei kurve krekt yn’e lange hoek binnen foel. In moai begjin foar Ropta Boys 45+.
Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 2 – 0.
It moaie begjin krige in goed ferfolch tsjin de kampioen fan dizze kompetysje, Friese Boys 45+. Ropta Boys spile sear gekonsintreerd en liet de bal goed it wurk dwaan. Oan beide kanten wiene der kânsen, mar dizze kear luts de thúsklup oan it langste ein. Nei twa kear in gelykspul en ien kear ferlieze, wie Ropta Boys 45+ einliks de baas oer Friese Boys 45+. It wie ús assisten kening dy’t dizze kear sels it fûnis fele oer Friese Boys 45+. Beide kearen wie it Jack van der Vorst dy’t mei twa pleatste skotten de keeper fan Friese Boys 45+ it neisjen joech foar de 1-0 en 2-0. Troch dizze knappe oerwinning lei Ropta Boys 45+ noch hielendal op koers foar it twadde plak yn’e kompetysje mei noch ien wedstriid te gean.
Ropta Boys 45+ – Gryptsjerk 45+ 3 – 4.
Om as twadde te einigjen moast der wûn wurde fan Gryptsjerk 45+. Mar sa goed as Ropta Boys 45+ begûn tsjin Friese Boys 45+, sa ongekonsintreerd wie it begjin tsjin Gryptsjerk 45+. Binnen de koartste kearen stie Ropta Boys 45+ troch twa moaie doelpunten fan Gryptsjerk op in 0-2 efterstân. Mar nei in lytse tsien minuten seach Ropta Boys 45+ it ljocht. Binnen fiif minuten wa de efterstân hiel knap omset yn in 3-2 foarsprong. Frans Sijtsma seach syn ynset blokkearre troch de keeper, mar spits Arnold Nutma is syn ynstinkt foar it meitsjen fan doelpunten noch net kwyt en skeat de rebound binnen. (2-1) De 2-2 wie in hearlike gelykmakker. In moaie oanfal oer rjochts wa troch Roel Sikkema perfekt ôfjûn op de frijsteande Arnold Nutma dy’t syn twadde makke foar 2-2. Nei dizze gelykmakker hie Ropta Boys 45+ en Arnold Nutma de smaak te pakken. Binnen fiif minuten wie it op’e nij Arnold Nutma dy’t syn hattrick makke. Op in assist fan Jack van der Vorst (dêr wie der wêr) skeat Arnold Nutma earst op de keeper, mar de rebound wie wêr foar him en no skeat hy wol raak. (3-2) Spitichgenoch koe Ropta Boys 45+ dizze foarsprong net oer de streep helpe. It sterke Gryptsjerk profitearre optimaal fan it te maklik ferdigenjende Ropta Boys 45+. Krekt as Ropta Boys 45+ wisten hja yn in koart tiidsbestek de skoare om te draaien fan 3-2 nei 3-4 winst. Troch dizze útslach kaam Ropta Boys 45+ krekt tekoart foar it twadde plak yn’e kompetysje.
Hjirûnder stiet noch efkes de einstân fan de foarjier kompetysje.
1 Friese Boys 45+1 12 7 4 1 25 21 – 11
2 Grijpskerk 45+1 12 7 1 4 22 35 – 19
3 Ropta Boys 45+1 12 5 2 5 17 19 – 18
4 Dokkum 45+1 12 1 1 10 4 8 – 35
Ta beslút: Út namme fan de spilers wol ik it Ropta Boys bestjoer tank sizze dat wy nei ôfrin in moai Jupiler pakket krigen hawwe foar ús eardere kampioenskippen yn’e 45+ kompetysje. Better let as net. It docht ús goed dat wy net fergetten wurde binnen de fuotbalferiening Ropta Boys.
Fierder wol ik ús kantine baas Bas Dijkstra tank sizze foar de goeie soarch tusken de wedstriden troch en nei de wedstriden yn’e kantine. It wie hiel goed foar inoar.
As lêste wol ik noch efkes kwyt dat Ropta Boys 45+ nije wike freedtejûn útkomt yn’e foarrûne fan it Nederlânsk Kampioenskip. Dizze wedstriden wurde spiele op de keunstgêrsfjilden fan Leovardia te Ljouwert.
It seizoen fan Ropta Boys 45+ wurd ôfsletten op freed 17 juny 2016 mei it Nutma Skildersbedriuw Toernoai wêr’t fjouwer ploegen oan mei dwaan sil. Dit binne Zwaagwesteinde 35+, Be-Quick Dokkum 35+, Zuidhorn 45+ en Ropta Boys 45+.
Jan Torensma.