De wikelikse treningen fan Ropta boys 45+ betelje sich út
|Dokkum – De earste trije wedstriden fan de 45+ kompetysje sitte der wêr op. Nettsjinsteande in striemin begjin fan de earste wedstriid kaam Ropta Boys 45+ geandewei de jûn al hielendal wêrom. It resultaat mei der dêrom ek wêze. Mei in gelyk spul en twa oerwinningen waard de jûn ôfsluten mei de kop posysje. As lieder bin ik hjir tige wiis mei, om’t it swurd fan Damoclés wol in bytsje boppe myn holle hinget. Krekt as tréner Wietse van der Veen it omskreaun. Hja moatte by it earste op’t heden skrabje om in alvetal rûn te krijen, wylst de lieder fan Ropta Boys 45+ spilers thús litte moat, teloarstelle moat. Wat in lúkse. Mar mei it swurd fan Damoclés doel ik mear op it wiksel belied. De lieder fielt sa stadichoan dat der in bytsje yn it hoekje set wurd troch de net op harren mûle fallen spilers fan Ropta Boys 45+. Wa’t ek op reserve steane, it giet net fan herte en it seuren is net fan’e loft. Natuerlik in goed stribjen om plak te nimmen yn de basis, mar sûnder wiksels kinne wy net. En hja je ferwachtsje fan sokke folwoeksen keardels wat mear begryp. No mar hoopje dat it stikje tekst oanslacht, wêrtroch de lieder net mear mei knikkende knibbels en it heart yn’e kiel nei it sportfjild giet. Fierder wie it in slagge jûn, mei tank oan de supporters dy’t oanwêzich wiene om ús oan te moedigen. Dat wiene Wietse van der Veen, Kees Kool, Marten Heeringa, Sietse en Suzanna Allema en Wiebe Turkstra. It docht altiten goed as der niget toant wurd rjochting it 45+ fuotbal. Hjirûnder noch in lytse útein setting oer de spiele wedstriden.
Dokkum 45+ – Ropta Boys 45+ 1 – 1.
It wie krekt as moast Ropta Boys45+ wêr op’e nij fuotbalje leare moast. Yn it begjin fan de wedstriid gie der hielendal neat goed. It wie mar goed dat turbo Theun Bouius mei syn faasje in hiele protte gatsje ticht rûn. Fierder wie it keeper Marten Kooistra dy’t mei lins problemen in skot fan tichteby klamfêst pakte. Mar healwei de wedstriid kaam Dokkum op foarsprong troch in prachtich skot stiif yn it krús. (1-0) Dêrnei kaam it besef wêr boppe driuwen by Ropta Boys 45+. Nei in wat kânsen lizze litten te hawwen wie it Geart van Wieren dy’t oan syn favorite lofterkant mei in assist Arnold Nutma yn steat stelde om de gelykmakker binnen te sjitten. (1-1) Sjoen de kânsen ferhâldingen in terjochte útslach.
Ropta Boys 45+ – F.C. Burdaard 2 – 1.
Ek yn dizze wedstriid begûn Ropta Boys net bêst. Al reedlik gau kaam Ropta Boys 45+ op efterstân troch in ferdidigingsflater. (0-1) Mar ek yn dizze wedstriid kaam Ropta Boys 45+ sterk wêrom. Wy tinke en witte einliks wol seker dat dizze fearkrêft te meitsjen hat mei ús wyklikse tréningen. As de oaren mei de tonge út de mûle rinne hawwe de measte Rota Boys spilers noch wat oer. Op oanjaan fan Geart van Wieren skeat Jack van der Vorst de gelykmakker binnen. (1-1) Efkes letter wie Piet Torens ma mei syn pleatste bal rjochting krusing tichteby 2-1, mar de keeper tikke de bal ta korner. Dochs kaam de winnende treffer op it skoareboerd. Dizze goal kaam op namme fan Theunis Linthof. Fan ôfstân liet hy de Burdaard keeper kânsleas, wêrtroch de earste trije punten byskreaun wurde koe foar Rota Boys. (2-1)
Ropta Boys 45+ – V en V’68 45+ 8 – 0.
Yn dizze wedstriid wie Rota Boys 45+ oppermachtich, om’t de tsjinstanner yn de tredde wedstriid it lead yn de skuon fielden. It wie ienrjochtingsferkear. V en V’68 hie yn goeie aksje rjochting Rota Boys doel. Oan de lofterkant wa’t Jack van der Vorst efkes poarte en dêrnei skeat de V en V’68 spiler hurd op de bûtenkant peal. Foar de rest wie it in sjittinte op it V en V’68 doel. De acht doelpunten foar Rota Boys kamen op namme fan Theunis Linthof 1x, Arnold Nutma 1x, Geart van Wieren 3x, Theun Bouius 2x en Jack van der Vorst 1x. Einstân: 8-0.
Konklúzje: It kin allegearre folle better by Ropta Boys 45+, mar de resultaten binne goed te neamen, wêrtroch Ropta Boys mei sân punten út trije wedstriden de lieding nimt yn de kompetysje. De folgjende kompetysje rûne is op freedtejûn 21 april by F.C. Burdaard.
Lieder Jan Torensma