v.v. Ropta Boys sinds 1965

De materiaalman fan de v.v. Ropta Boys.

Dizze kear wol ik graach in kampioensfoto sjen litte út it jier 1985. Net samar in foto. Op dizze foto stiet in man dy’t no yn in hiel oare rol ferstjinwurdiche is by de v.v. Ropta Boys. Ik haw it hjir oer de materiaalman fan Ropta Boys 1, Marten Heeringa. Miskien is it net by elkenien bekend, mar Marten wie eartiids in aktyf keatser en fuotballer. Marten wie al kampioen mei de v.v. Ropta Boys foar’t de measte earste alvetal spilers it libbensljocht seagen, as noch yn’e luiers leine. Nei syn aktive karriêre as fuotballer is Marten no alwer jierren (fan ôf 2007) ferbûn as materiaalman oan it earste alvetal, mar ek by alle oare aktiviteiten dy’t plak fine by de v.v. Ropta Boys. Neffens my is Marten Heeringa sa stadichoan in echte klubman dy’t net mear sûnder it griengiele firus kin. Hjirûnder is de kampioensfoto te sjen fan Ropta Boys 3 yn 1985 mei Marten Heeringa.

Argivaris JT

M Heeringa