v.v. Ropta Boys sinds 1965

DE 45+ KOMPETYSJE GIET KOMMENDE FREEDTEJÛN WÊR LOS.

Dokkum – Om’t yn sportlink net dúdlik is wêr’t Ropta Boys 45+ harren kompetysje wedstriden spilet komt it elke kear efkes op de RB site te stean wêr’t de supporters op de freedtejûn terjochte kinne.

Ropta Boys 45+ is dizze kear yndield by Friese Boys 45+, Dokkum 45+ en Grijpskerk 45+. Kommende freedtejûn 18 maart 2016 wurd de earste rige fan trije wedstriden fuotballe yn it Harddraverspark by de v.v. Dokkum.

It wedstriidskema is:

Dokkum 45+      –     Ropta Boys 45+         19.15 oere.

Grijpskerk 45+  –     Ropta Boys 45+         19.45 oere.

Ropta Boys 45+                –     Friese Boys 45+         20.15 oere.

Elkenien is tige wolkom om de “âldsjes” efkes oan te moedigen.

Lieder RB 45+.