v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Ik wol dizze wike begjinne mei in aksje foto fan sneon 23 febrewaris 1985. (hast 32 jier lyn) Ropta Boys spiele thús tsjin Oostergo gelyk. (3-3) Op de foto steane foar Ropta Boys keeper Livius Meinsma, Jappie de Vries, Albert van der Vliet, Siebe Jongeling, Frans L Sijtsma, Pieter Braaksma en Piet Torensma. Fierder wie it net de wedstriid fan Piet Torensma. It wie de ienichste kear dat der út it fjild stjoerd is yn syn fuotbalkarriêre.

Argivaris Jan Torensma.

rb-oostergo-1985