v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei aksjefoto út it jubileum seizoen 1990/1991.(mear as 26 jier ferlyn) Dizze wedstriid is koart nei it 25 jierrich jubileum fan Ropta Boys ferspile. In wedstriid tusken Friese Boys en Ropta Boys te Kollumersweach. Yn dizze wedstriid foelen gjin doelpunten, mar der is wol in moaie foto fan wêrom te finen yn it Ropta Boys argyf. Op dizze foto steane mar leafst fjouwer spilers fan Ropta Boys 1, wêrfan noch ien aktyf is by Ropta Boys 1 as lieder en by Ropta Boys 45+ as spiler. Dan haw ik it oer Wiebe Dijkstra. Fierder steane op de foto Fokke Visser, Siebe Jongeling en keeper Livius Meinsma.

Argivaris Jan Torensma.

RB - Friese boys

RB - Friese boys 2