v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar kranteknipsel mei aksjefoto út it seizoen 1993/1994. (mear as 23 jier ferlyn) Op de foto stiet de topscorer fan eartiids en no spits yn Ropta Boys 45+ en sa no dan by Ropta Boys 3 en natuerlik de hjoeddeistige haadsponsor fan Ropta Boys, Arnold Nutma. It is in ferslach fan de wedstriid tusken Ropta Boys en S.C. Kootstertille, dy’t spiele is yn desimber 1993. De winnende treffer, it tredde doelpunt kaam op namme fan Arnold Nutma út in frije trap, wêrtroch Ropta Boys dizze thúswedstriid wûn mei 3-2.

Argivaris Jan Torensma.

rb-k-tille