v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike in kranteknipsel mei foto fan sneon 20 septimber 1986 (mear as 30 jier lyn). De wedstriid spiele harren ôf yn Mitselwier tsjin VEV’67 út Leek. Troch doelpunten fan Arnold Nutma en Andries Weidenaar koe Ropta Boys mei muoite ien puntsje feilich stelle tsjin it eartiids heger op de ranglist steande VEV’67. Ropta Boys 1 fan doe, it seizoen 1986/1986, siet stik fol mei spilers dy’t no yn it 45+ team sitte fan Ropta Boys. Op de foto steane Wiebe Turkstra, Siebe Jongeling, Yme Braaksma (lyts bytsje sichtber), Jappie de Vries, Livius Meinsma en de útrêstende Albert van der Vliet .

Argivaris Jan Torensma.

rb-vev rb-vev-foto