v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik op’e nij keazen foar in kranteknipsel mei in alvetal foto fan Ropta Boys 1 út it seizoen 1982/1983. (35 jier ferlyn) Sa as jimme witte is skildersbedriuw Nutma al hiel lang de haadsponsor fan Ropta Boys. Mar skildersbedriuw Nutma wie net de earste sponsor fan Ropta Boys. By de ynfiering fan shirtsponsoring wie kafee Veldzicht fan de famylje Dijkstra de earste shirtsponsor fan Ropta Boys. De shirtsponsoring is by Ropta Boys ynfiert yn it seizoen 1982-1983. Op dizze earste foto mei shirtsponsoring steane yn elk gefal noch fiif spilers dy’t hjoed-de-dei noch altiten aktyf binne by Ropta Boys 45+ as spiler.

Argivaris Jan Torensma.

RB Veldzicht