AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.
|Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.
Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei in alvetal foto fan Ropta Boys 1 út it seizoen 1986/1987. (april 1987, hast 30 jier ferlyn) Yn april 1987 wa Ropta Boys 1 troch skildersbedriuw Nutma yn prachtich moaie nije klean stutsen. Op dizze foto steane yn elk gefal fiif spilers dy’t no noch aktyf binne by Ropta Boys 45+. Opfallend is de maskotte dy’t keeper Livius Meinsma yn syn hannen hat. Dizze wie oanbean troch Karin Custers, de frou fan Peter Custers dy’t eartiids yn Ropta Boys 1 spiele. Fierder is it ferslach taheakke fan de earste wedstriid dy’t spiele is yn de nije klean. Yn dizze wedstriid kaam Ropta Boys net fierder dan in gelyk spul tsjin VVT. Fierder wie der noch in hiel opfallend feit yn it taheakke ferslach. Sa as jimme lêze kin krige Klaas Bekker nei it einsinjaal noch de reade kaart. Ik wit net wêrom, mar it sil tink ik te meitsjen hawwe mei kommentaar op de lieding. Miskien as Klaas it sels noch wit.
Argivaris Jan Torensma.