v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei aksjefoto fan de wedstriid tusken Ropta Boys 1 tsjin Ternaard 1 út it seizoen 1997/1998.(mear as 20 jier ferlyn) Ropta Boys moast yn in moaie en spannende wedstriid har meardere erkenne yn Ternaard. De útslach wie nei 90 minuten 2-3 foar Ternaard. Dochs is der fan dizze wedstriid in moaie foto makke fan de nûmer tsien fan eartiids, Andries Weidenaar. Taheakke is it ferslach fan Eelke Wiegersma dy’t wurke foar de it Frysk Deiblêd. Natuerlik is de foto ek taheakke mei it duel tusken Klaas Ales van der Weg en Andries Weidenaar.

Argivaris Jan Torensma.

RB - Ternaard

RB -Ternaard 2