v.v. Ropta Boys sinds 1965

DE  ROPTA-BOYS  ÂLDTSJES  KAMEN  THÚS  REEDLIK  GOED  FOAR  DE  DEI.

Easternijtsjerk –  Ôfrûne freedtejûn wie Ropta Boys de gasthear foar de 45+ kompetysje.  Mei tank oan Jan Bekker foar it fluitsjen en Henk yn’e kantine en net te ferjitten it oanwêziche publyk rûn it fjild, wie it wêr in slagge kompetysje jûn foar Ropta Boys. Sportyf sjoen wie it ek in goeie dei foar Ropta Boys 45+. De jûn begûn wat stroef mei in nederlaach tsjin VVT 45+. Mar dêrnei begûn it te rinnen by Ropta Boys 45+.

Yn de earste wedstriid wie VVT 45+ in stik better by de les dan Ropta Boys 45+. It wie samar 2-0 foar VVT 45+. De earste goal rûn in VVT spiler ûnbehindere  om in pear spilers  fan Ropta Boys hinne en tikke de bal simpel lâns ynfaller keeper Jaap Wiep Torensma. De twadde goal wie fan grutte klasse en skientme. Riemer Dorenbos skeat de bal fan eigen helft oer de Ropta Boys keeper hinne yn it doel. (2-0) Al hoewol der moat wol byferteld wurde dat de Ropta Boys keeper foarôf yn de besprekking hjir wol op wêzen wie troch de lieder. De opdracht fan de keeper wie om mei te fuotbaljen, mar der wol tige om tinke dat der net ferrast waard troch in lob. Dat barde wol, mar meastentiids moat hja it earst ûnderfine foar hja it leauwe. Yn de slotfase kaam Ropta Boys 45+ fia in moai doelpunt fan Arnold Nutma noch op 2-1. Mar de trije punten gienen nei konkurrint VVT.

De twadde wedstriid haw ik net sjoen om’t ik fluitsje moast op it haadfjild. Mar fan hearren en sizzen haw ik troch krigen dat it in stik better gie as yn de earste wedstriid. Troch doelpunten fan Theun Bouius en Geert van Wieren waard in regelmjittiche oerwinning boekt op VCR 45+. Dat de earste trije punten fan dizze jûn wienen binnen.

Ek de tredde wedstriid haw ik net sjoen yn ferbân mei it fluitsjen, mar ek dizze wedstriid tsjin it altiten sterke Friese Boys wie reedlik yn lykwicht. Beide ploegen krigen kânsen op de oerwinning, mar nei in kertier spyljen fluite Jan Bekker ôf mei in 0-0 einstân.

De lêste wedstriid fan dizze jûn wie tsjin it jubilerende S.C. Feanwâlden om’t hja dit jier harren 75-jierrich bestean fiere. Ek dizze wedstriid wie lykwaardich, mar mei dit ferskil dat Ropta Boys harren kânsen wol ôfmakke en S.C. Feanwâlden net. Troch in moai ôfstânsskôt fan Jack van der Vorst kaam Ropta Boys 45+ op in moaie 1-0 foarsprong. Efkes letter waard it ek  noch 2-0 troch Theunis Linthof dy’t de rebound nei in goeie aksje fan Geert van Wieren yn de touwen wist te sjitten. Ek de lêste aksje yn dizze wedstriid kaam op namme fan Theunis Linthof, om’t syn skôt bikkelhurd op de latte útein spatte.

Troch dizze winst kaam Ropta Boys 45+ dizze jûn op in moai puntentotaal út fan 7. De ploech besteande út Jaap Wiep Torensma, Fokke Visser, Roel Sikkema, Gert van der Meulen, Theunis Linthof, Frans Sijtsma, Theun Bouius, Jack van der Vorst, Arnold Nutma en Geert van Wieren wienen justerjûn 21 april 2023 de sterkhâlders fan Ropta Boys 45+. Nei dizze jûn is de kompetysje wêr spannend wurden by ús. VVT 45+ helle justerjûn  út troch fjouwer kear te winnen en Friese Boys foel as koprinner in bytsje tsjin. Wêrtroch de kompetysje wêr hielendal iepen leit mei noch twa spielrûnden te gean. Hjirûnder efkes de tuskenstân.

  1. VVT 45+ 12 – 23.
  2. Friese Boys 45+ 12 – 21.
  3. Ropta Boys 45+ 12 – 20.
  4. S.C. Feanwâlden 45+ 12 – 11.
  5. VCR 45+ 12 – 9.

Lieder Jan Torensma.