v.v. Ropta Boys sinds 1965

SPONSORFOTO ROPTA BOYS 1 ÚT IT SEIZOEN 1977-1978.

Dokkum – Dizze wike op’e nij in foto út it seizoen 1977-1978. Op’e nij in kleurenfoto fan Ropta Boys 1 dy’t troch de pleatselike sponsors in nij tenu en sporttassen krigen. Dizze foto komt út it seizoen 1977-1978. Dit is wis, om’t de tréner op dizze foto mar ien jier tréner west hat by de v.v Ropta Boys. Dizze tréner Sije Heidstra út de Westereen is eartiids nei ien seizoen fourt kocht troch it folle hêger spyljende Friese Boys. It opskrift sa as it yn’e Dockumer krante stien hat stiet hjirûnder oanjoen. Sa ek de nammen fan de spilers dy’t op’e foto steane.
Argivaris Jan Torensma.

RB sponsor