v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 50+ WIST HARREN THUSFOARDIEL NET GEHIEL TE FERSULVERJEN

Easternijtsjerk – Ôfrûne freedtejûn moast Ropta Boys 50+ op harren eigen sportpark “De Fiver” besykjen om yn te rinnen op de koprinners VCR en Burdaard. Dit slagge gedieltelyk.

Mar foarôfgeande oan de trije wedstriden wie it doel om de âlde mannen efkes fêst te lizzen op de gefoeliche plaat. Dat wie noch net sa maklik yn it donker, mar fotografe Antje Allema hat in hiele moaie groepsfoto makke dy’t taheakke is oan dit ferslachje. Tagelyk is it natuerlik ek in moaie sponsorfoto. Ik haw it wolris faker oanhelle yn myn ferslachjes dat wy in nije sponsor hawwe by Ropta Boys 50+. Foarhinne fuotbalden wy yn de reserve shirts fan Ropta Boys 1 hokker sponsore waard troch Skildersbedriuw Nutma fan us spiler Arnold Nutma. Mar in skôfke lien binne wy as Ropta Boys 50+ yn it nij stutsen troch Administraasje en Belêstingadvyskantoar Frans Sijtsma te Ljouwert. Sa as jimme sjen kinne op de foto wie it doel fan sponsor Frans Sijtsma om de âlde grien/giele banen fan Ropta Boys wêrom komme te litten yn de nije shirts. Folgens my is dat aardich slagge. De taheakke foto is moai, mar dizze foto hie noch moaier wêst as de ienniche ûntbrekkende spiler Geert van Wieren der ek op stean soe. Mar helaas wie Geert van Wieren juster ferhindere, mar jimme moatte him der mar efkes bytinke. Fierder hat Antje Allema ek noch besocht wat aksje foto’s fan jimme as spilers te meitsjen, mar sjoen de tsjusterens wie dat folgens Antje gjin grut sukses. Dochs binne de taheakke foto’s aardich slagge.

De wedstriden.

It doel fan de wedstriden wie om te probearjen 9 punten te pakken op us eigen sportpark. Dat slagge net, om’t de earste wedstriid tsjin Burdaard yn de allerlêste sekonde waard ferlern. It wie in gelyk opgeande wedstriid sûnder kansen. Dochs pakte Burdaard op it allerlêste momint de trije djoere punten yn dizze spannende kompetysje.

Yn de twadde wedstriid tsjin Be-Quick Dokkum slagge it Ropta Boys 50+ wol om te foldwaan oan de ferplichting trije punten te pakken. Nei 25 minuten fuotbal wist Ropta Boys 50+ fia Andries Weidenaar en twa kear Theunis Linthof te winnen mei 3-0.

Yn de lêste wedstriid tsjin koprinner VCR nei twa spielrûnden moast der einliks wûn wurde om de spanning der yn te hâlden nei de lêste searje wedstriden op freedtejûn 26 novimber yn Rinsumageast. Dizze opdracht slagge nei in moaie en spannende wedstriid. Beide ploegen krigen kânsen, mar Ropta Boys 50+ wist dizze om te setten yn doelpunten. Fia Andries Weidenaar waard it 1-0 nei in geweldiche assist fan de nestor binnen de ploech Frans Sijtsma. It waard sels 2-0 troch in doelpunt fan Theunis Linthof. Dizze twadde oerwinning wie foaral de ferstjinste fan de foartreflik keepende Marten Kooistra.

Konkluzje: Nei trije wedstriden gjin 9 mar 6 punten. Nei dizze searje wedstriden bliuwt it spannend yn dizze kompetysje. Mei noch ien spielrûnde it gean binne der noch trije kânshawwers op it kampioenskip. Burdaard hat de bêste papieren, mar VCR en wy as Ropta Boys binne noch net kânsleas.

Hjirûnder stiet de tuskenstân nei trije spielrûnden.

Burdaard 9 – 18 punten.

VCR 9 – 16 punten.

Ropta Boys 9 – 15 punten.

Be-Quick Dokkum 9 – 1 punt.

Ferslach JT.

https://myalbum.com/album/JQzXVJJnqJXz