v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ WURD THÚS ÛNFERSLEINE KAMPIOEN.

Easternijtsjerk – Wat is der moaier om thús kampioen te wurden en ek noch ûnfersleine kampioen te wurden. Sa tocht it Ropta Boys bestjoer der ek oer. De blommen stiene klear, de fotograaf koe net wachtsjen om dizze helden op de foto te setten en elkenien wie yn kantine útnûge om it feest fan de kampioen mei te fieren. Neat fan dat alles. Sorry, it is wat in stek ûnder wetter rjochting de lieding fan Ropta Boys. Der wurde gjin keamer fragen oer stelt en der sille ek gjin koppen rôlje, mar ik hoopje dochs dat Ropta Boys 45+ der net allinnich is om kontribúsje te beteljen. Dat hawwe de measten al mear as fjirtich jier dyn. Miskien hie der dochs in lyts blomke ôf kinnen. It wie ek noch mar de twadde kear fan trije kompetysjes dat Ropta Boys 45+ kampioen wurden is. Miskien kin der by de tredde kear in lytse attinsje as wurdearring ôf. Dochs bin ik bliid as lieder fan dizze trochsetters. Hja dogge it dan dochs mar wêr. Fierder wiene wy as Ropta Boys 45+ ferbjustere troch de grutte publike belangstelling by ús lêste thúswedstriden. Tige tank foar jimme oanwêzichheid, it hat ús goed dien. No’t ik dochs oan it betanken bin wol ik ús oanfierder fan’e kantine Bas Dijkstra tige tank sizze foar goede soarch foar en nei de westriden. No’t ik dochs oan de gong bin gean ik efkes fierder. Ik wol mar sizze dat it dochs moai is dat Ropta Boys al inkelde jierren goed oan de wei timmeret mei harren 45+ spilers. It is net allinnich de 45+ kompetysje, mar ek op de moandei- en woansdeitejûn nimme in protte de 45+-pluzers it foar tou op de tréningen. Der binne op it stuit mar leafst 16 spilers dy’t ynset wurde kin by de 45+. Dat is foar hiel protte ferieningen in utopy. Genôch sein oer de râne saken, der is ek noch fuotballe.
Oer râne saken sprutsen, der wie ek noch wat opskuor binnen de 45+ seleksje. Sân oere moasten wy fuotbalje en healwei sânen sammelje yn de klaaiboks. De measte spilers wiene op’e tiid, mar ús linkerspits Geart van Wieren wie net te bekennen. No witte wy dat hy altiten oan’e lette kant is, om’t hy berôpsmatich wit dat de minsken op him wachtsje. Yn Easternijtskerk miskien. Yn Paesens-Moddergat tinke de minsken dêr nei ôfrûne snein oars oer. Mar dêr hie dominy van Wieren noch in goed ekskús. Freedtejûn wiene de 45+ spilers dochs wat fan slach do’t van Wieren om kertier foar sânen der noch net wie. Mar lang om let kaam Geart van Wieren mei de sturt tusken de fuotten oansetten, mei dochs wol in útsûnderlik ekskús. It wie de frou syn skuld, hja wie te let. No witte wy sjoen syn reputaasje wol better. De straf wie myld, hy moast as reserve begjinne. Dan no de wedstriden mar.
Ropta Boys 45+ – GSVV 45+ 3-0.
Op dizze moaie freedtejûn mei in hiele protte Ropta Boys publyk krige de ploech ien opdracht mei fan de lieder. De opdracht wie ûnfersleine kampioen wurde fan de nei-jiersreeks. Dat slagge dizze jûn, om’t spitichgenoch Oostergo 45+ net oanwêzich wie en GSVV en Bûtenpost net winne kinne fan Ropta Boys 45+. GSVV 45+ probearre troch in muorre op te setten foar harren eigen goal om Ropta Boys tsjin te hâlden. Dit slagge in lyts kertier, mar dêrnei bruts Jack van der Vorst de skoare iepen. Syn ôfstânsskot glûpte troch de hannen fan de GSVV keeper binnen. (1-0) It ferset wie iepen brutsen en Ropta Boys rûn troch goals fan Arnold Nutma en op’e nij Jack van der Vorst yn’e slotfaze út nei 3-0. GSVV kaam sporadysk yn’e beurt fan keeper Marten Kooistra, mar as hja dêr kaam is Marten altiten in betroubere keeper. Ropta Boys 45+ wûn, mar spiele op’e nij net goed genôch, mar yn dizze wedstriid kin ik noch prate oer in ekskús troch it ferdigenjend spul fan de tsjinstanner. Einstân: 3-0.
Ropta Boys 45+ – Bûtenpost 45+ 1-0.
It doel wie om it kampioenskip glâns te jaan yn de lêste wedstriid fan dizze rige. Spitichgenoch slagge Ropta Boys 45+ dêr net yn. Troch in wûnderlike eigen goal fan Bûtenpost kaam Ropta Boys 45+ úteinlik oan’e winst. It wie in wêrom spile bal mei safolle effekt dat de keeper fan Bûtenpost hielendal misgreep. Fierder hie Ropta Boys 45+ de wedstriid wol ûnder kontrôle, mar dochs moast Marten Kooistra in pear kear goed yngripe om in doelpunt te foarkommen. Yn oanfallend eachpunt bakte Ropta Boys 45+ der net folle fan. Te lang rinne mei de bal is dochs in probleem fan ús Jack van der Vorst, mar sels tinkt en praat der dêr oars oer. Fierder wiene it allegearre ferkearde karren foar de goal. Sa wiene Theunis Linthof, Arnold Nutma en Frans Sijtsma net yn steat om de bal goed ôf te jaan as sels in doelpunt te meitsjen. Sa kaam der healwei njoggenen ûnder lieding fan skiedsrjochter Jinne Ljibbe Dijkstra in ein oan dizze wedstriid. De opdracht is slagge, Ropta Boys 45+ is ûnfersleine kampioen wurden. Klasse. Nei ôfrin hawwe wy mei de ploech noch efkes moai neisitten yn’e kantine om dizze searje wedstriden noch efkes te analysearjen. Dat kinne wy oer it algemien wol goed.
Ropta Boys 45+ giet miskien kommende winter fierder yn’e seal en natuerlik dogge wy yn’e foar-jierreeks op’e nij in goai nei it kampioenskip. Tusken troch probearje wy noch in pear oefenwedstriden te regeljen. Tige tank foar jimme ynbring en oant de folgjende kear.
Jan Torensma.