ROPTA BOYS 45+ WINT TWA KEAR MEI OERMACHT YN KOLLUMERSWEACH
|Kollumersweach – Ropta Boys 45+ moast ôfrûne freedtejûn twa kear fuotbalje foar de kompetysje. Mei tsien man en in lieder tôge Ropta Boys 45+ ôf nei de fjilden fan Friese Boys. Troch it ferlies fan Ropta Boys 45+ tsjin Friese Boys 45+ , thús yn Easternijtsjerk, is der noch mar ien opsje om kampioen te wurden fan’e foarjiersreeks. De opsje is om sels twa kear te winnen yn Kollumersweach tsjin VVT45+ en Bûtenpost 45+ en it leafst mei safolle doelpunten foar. Dizze opsje is ôfrûne freedtejûn hielendal slagge. It ferfolch moat dan barre op freedtejûn 8 maaie yn Bûtenpost. Dan spylje wy foar de twadde kear tsjin Friese Boys. Om de drok as lieder heech te lizzen moat der yn dizze wedstriid prestearre wurde troch “de âldsjes”. No earst de ferslachjes fan de wedstriden dy’t wy spile hawwe tsjin VVT 45+ en Bûtenpost 45+.
Ropta Boys 45+ – VVT 45+ 3 – 0.
Om sân oere en mei moai waar moast Ropta Boys 45+ sjen om de muorre te sljochtsjen dy’t VVT 45+ makke hie foar harren eigen doel. Troch dat ûs stadige tempo noch te stadich wie, wie it in poepetoer om te skoaren. De earste kâns wie sels foar VVT 45+, mar it hurde skot wie in proai foar ûs goeie keeper Marten Kooistra. Mar lokkich hat Ropta Boys 45+ in assistenkening yn harren fermidden. Fan dizze assistenkening hawwe wy ôfrûne freedtejûn leart dat in assist einliks belangriker is dan dyjinge dy’t it doelpunt skoart. Der sit wat yn. Wy hawwe dizze kening dêrom ek mar gelyk jûn. Nei grou tsien minuten wie it úteinlik raak. In assist fan Jack van der Vorst betsjutte in yntikker foar Arnold Nutma. (1-0) It ferset fan VVT 45+ wie brutsen, hja moasten no wol in bytsje út harren skulp lûke. It betsjutte in bytsje mear romte foar Rota Boys 45+. Healweis de wedstriid wie it eks-VVT-er Geert van Wieren, dy’t syn âld klupke op in 2-0 efterstân sette, nei alwer in assist fan Jack van der Vorst. VVT 45+ krige ek in pear kânskes, om’t sommige spilers by Ropta Boys 45+ it grau ha oan ferdigenjen. Mar lokkich kin ús ploechje fertrouwe op de slútpost Marten Kooistra. Hy hâlde ek wêr yn dizze wedstriid de nul. It lêste doelpunt fan Ropta Boys 45+ wie de moaiste fan jûn. In oanfal strak en oer ferskate skiven wie it úteinlik Andries Weidenaar dy’t de assist joech op Arnold Nutma. Hy wist dizze moaie oanfal om te setten yn de 3-0. Fierder hat Ropta Boys noch in hânfol kânsen hân om de skoare út te wreidzjen, mar it slagge net, wêrtroch Ropta Boys bleau stekken op in 3-0 oerwinning.
Ropta Boys 45+ – Bûtenpost 45+ 9 – 1.
Dizze wedstriid hat nea in wedstriid west. Bûtenpost wie oanwêzich mei sân spilers en twa wiksels, mar nei tweintich minuten spyljen tsjin ûs, wiene der noch fjouwer spilers oer en in blessearre keeper. De tuskenstân wie nei tweintich minuten 9-1 yn it foardiel foar Ropta Boys. Sjoen de oermacht fan Ropta Boys tsjin it oansketten Bûtenpost hawwe wy besletten om net fierder te spyljen. Foar beide wie der net folle mear oan om troch te gean. It iene doelpunt fan Bûtenpost is it neamen wol wurdich. It wie in prachtige goal. Fanôf 20 meter skeat in spiler fan Bûtenpost krekt oer keeper Marten Kooistra hinne ûnder de latte yn’e lytse goal. Dat wie it iennichste hichtepunt fan Bûtenpost. Ropta Boys hie gjin inkele muoite mei de tsjinstanner en skoarde der mar op los. De njoggen doelpunten kamen op namme fan Arnold Nutma (4x), Theunis Linthof (4x) en Jack van der Vorst (1x). De assisten haw ik net allegearre mear yn’e holle. Ien moat ik wol efkes neame. Dat wie Wiebe Dijkstra dy’t Jack van der Vorst liet skoare. Sjoen de les fan freedtejûn hie ik better de assisten omhâlde kinnen. Einstân: 9-1.
Konklúzje: Ropta Boys en Friese Boys hawwe beide harren twa wedstriden wûn. Hjirtroch bliuwt Friese Boys koprinner mei Ropta Boys op it finketou mei trije punten minder. De beslissing sil falle yn’e wedstriid tusken Ropta Boys en Friese Boys op 8 maaie yn Bûtenpost. Hjirûnder haw ik noch efkes de tuskenstân opmakke.
Friese Boys 45+ 6 6 0 0 18 21 – 3.
Ropta Boys 45+ 6 5 0 1 15 30 – 2.
VVT 45+ 6 1 1 4 4 4 – 15.
Bûtenpost 45+ 6 1 1 4 4 8 – 27.
Opende 45+ 6 0 2 4 2 5 – 21.
Lieder Jan Torensma.