v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta BOYS 45+ WINT, FERLIEST EN SPILET GELYK YN DOKKUM.

Dokkum – Yn’e oanrin nei dizze serie wedstriden yn Dokkum wienen der foar it earst sûnt lange tiid personiele problemen by Ropta Boys 45+. De iene nei de oare spiler wie net beskikber op dizze úteinlik prachtiche fuotbaljûn. Lang om let hat eks- Ropta Boys spiler Johan Nutma út Hallum ús út de brân holpen. Net ûntfertsjinlik, de rapheid en de dribbel wiene der noch altiten. Tige tank Johan datsto ús ôfrûne freed holpen hast by de serie fan trije westriden. Fierder wie der noch in probleem yn’e oanrin nei dizze wedstriden. De fuotbalklean wiene nearne te finen. Mar hjir kaam op it lêst ek in ferlossend appke fan Andries Weidenaar. Hy hat tongersdeitejûn en freed syn úterste bêst dien om de klean wêr boppe wetter te krijen. In spiler fan it earste hie de skjin wosken klean nochris nei de waskerette brocht fan Thea Wijma. It kin ferkeare, mar úteinlik kaam alles wêr op syn poatsje terjochte. Dit wie it ferhaal foarôfgeande oan de trije moaie wedstriden dy’t Ropta Boys 45+ fuotballe hat ôfrûne freedtejûn. Nettsjinsteande de resultiet wie it dochs in skitterende en moaie fuotbaljûn op it fjild fan Dokkum dat er geweldich strak en flak by lei. Fierder noch tank oan ús supporters dy’t dochs wêr de stap naam hawwe om de âldsjes oan it wurk te sjen. Antje Allema en bern, Vera Nutma en dochter en de blesseare spilers Theun Bouius en Roel Sikkema. Dit wie de foarbeskôging en no noch efkes wat oer de wedstriden.
Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 3 – 1.
It wie in moaie wedstrijd foar Ropta Boys om te begjinnen. Fanôf de earste minút wie Ropta Boys de bettere ploech. It duorret ek net lang as gastspiler Johan Nutma iepende de skoare. Hy dribbele syn man foarby en skeat goed binnen. (1-0) It twadde doelpunt liet ek net lang op sich wachtsje. It wie in echte Nutma goal. Fia in moaie oanfal wie it Johan Nutma dy’t syn broer Arnold Nutma perfekt oanspiele. Arnold syn skôt wie ûnhâldber foar de Dokkum keeper wêrtroch it 2-0 wa’t foar Ropta Boys. Moai kombinerend gong Ropta Boys 45+ goed fierder. De 3-0 kaam ek noch op it skoarebord troch Jack van der Vorst. De wedstriid wie spiele en dêrtroch wie de konsintraasje ek wat fuort rekke. It gefolch wie in tsjintreffer fan Dokkum. Einstân: 3-1.

Ropta Boys 45+ – VVT 45+ 2 – 2.
Yn it earste gedielte fan dizze wedstriid spiele Ropta Boys geweldich. VVT kaam der yn de begjinfaze net oan te pas. Keeper Marten Kooistra hie alles ûnder kontrôle. De Ropta Boys efterhoede besteande út Sietse Allema en Wiebe Dijkstra wiene yn dizze faze ûnmeilydsum yn harren aksjes. It middenfjild besteande út Frans Sijtsma, Piet Torensma, Johan Nutma en Jack van der Vorst koene nei hertelust kombinearje. It oanspielpunt Arnold Nutma wie altiten gefaarlik. Yn in omsjoch kaam Ropta Boys op in terjochte 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Jack van der Vorst en Arnold Nutma. Mar nei dizze ferstjinne foarsprong gie it hielendal mis. Miskien gemaksucht as konsintraasje gebrek, ik wit it net. VVT kaam ferskriklik goed wêrom en foar it lêste fluitsignaal wie de einstân alwêr gelyk lutsen troch VVT nei 2-2. In wedstriid mei twa gesichten.

Ropta Boys 45+ – S.C. Feanwâlden 45+ 1 – 2.
Nettsjinsteande it minne resultiet foar Ropta Boys 45+ wie it dochs de beste en moaiste wedstriid dy’t Ropta Boys spiele dizze jûn. It wie in wedstriid mei alles derop en deroan. Goed fuotbal, rap fuotbal, foar ús dwaan, en in protte kansen oan beide kanten. Spitichgenoch foel it kwartsje dizze jûn krekt ferkeard foar Ropta Boys 45+. Feanwâlden kaam rap op in 0-1 foarsprong. Mar it duorre net lang as Arnold Nutma makke skitterend de 1-1. Fanôf de lofterkant skeat hy de bal fraai oer de keeper yn’e boppehoeke foar de gelykmakker. (1-1) Nei dizze gelykmakker gongen beide ploegen foar de winst. Beide ploegen skeaten noch in kear op de latte, beide keepers makken noch in pear geweldiche reddingen. Mar úteinlik wie it Feanwâlden dy’t mei de winst der fan troch gongen. Spitich, om’t hjirtroch de efterstân wol hiel grût wurden is tusken koprinner Feanwâlden en de efterfolgers Ropta Boys en VVT. Feanwâlden wûn úteinlik mei 1-2.
De tuskensân nei twa wedstriid rûnden is:

1. S.C. Feanwâlden 45+ 6 16.
2. Ropta Boys 45+ 6 9.
3. VVT 45+ 6 8.
4. Dokkum 45+ 6 0.

Ferslachjouwer Jan Torensma.