v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ TWADDE EFTER NEDERLANSK KAMPIOEN BE-QUICK 45+

De Westereen –  Ôfrûne freedtejûn wiene de foarrûnen fan it Nederlansk Kampioenskip 45+.  Natuerlik wie de ploech fan it earste oere Ropta Boys 45+ ek aktyf. Fanôf 2009 wurd it Nederlansk Kampioenskip 45+ hâlden en Ropta Boys 45+ hat alle edysjes meidien.  Dat allinne is al in prestaasje fan formaat.  Op it moaie nije sportkompleks fan de Westereen moast Ropta Boys 45+ de striid oangean tsjin Hardegarijp 45+, Nederlansk Kampioen Be-Quick D 45+, F.C. Grootegast 45+ en in âlde bekende Friese Boys 45+. Spitichgenoch hie GSVV 45+ harren op it lêste momint noch ôfsein. Mei 10 spielers en de lieder wie it doel fan Ropta Boys 45+ om sa goed mooglik foar de dei te kommen en miskien foar in ferrassing te soargjen troch it swier favorite Be-Quick 45+ te ferslaan. Úteinlik slagge Ropta Boys 45+ hjir net yn, mar sjoen de wedstriid wie de mooglikheid wis oanwêzich om de Dokkumers te ferslaan. De opset slagge krekt net en Be-Quick 45+ wûn mei 1-0 fan Ropta Boys 45+. Fierder har Ropta Boys 45+ behoarlik prestearre troch efter Be-Quick 45+ it twadde plak te pakken. Spitichgenoch giet nûmer ien, Be-Quick 45+, troch nei de distriktfinale fan it Nederlansk Kampioenskip. Wy, as Ropta Boys 45+ winskje harren dêr en miskien nei de Lanlike finale in protte sukses ta. De útslaggen fan de fjouwer wedstriden steane hjirûnder opskreaun.

Ropta Boys 45+  –  Hardegarijp 45+ 4 – 0.

It wie efkes ôftaasten, mar reedlik gau kaam Rota Boys 45+ yn harren ritme. Yn earste ynstânsje miste spits Arnold Nutma in pear goeie kânsen om de skoare te iepenjen, mar de tredde kâns wie wol raak foar de 1-0. Nei it doelpunt is it meastentiids sa dat de tsjinstanner út harren skulp krûpe moat en dan komt der wat romte foar it lytse goaltsje. Hjirfan profitearre Ropta Boys 45+ optimaal. Hja rûnen út nei úteinlik 4-0 troch doelpunten fan Jappie de Vries, Geert van Wieren en Theunis Linthof. Dêrnei hawwe wy gas wêrom naam om ús krêften te sparjen foar de folgjende wedstriid tsjin Be-Quick 45+.

Ropta Boys 45+  –  Be-Quick D 45+ 0 – 1.

It wie net ferwûnderlik dat Be-Quick 45+ de bettere ploech wie, mar de earste mooglikheid wie foar Ropta Boys. Arnold Nutma probearre om de lêste man Theo Boomsma hinne te gean, mar dit slagge mar gedieltelik, om’t Boomsma om foel en dêrnei mei de hân de bal fuort sloech. Hiel Ropta Boys raasde om in penalty, mar spitichgenoch stie de skiedsrjochter fiersten fier fuort en seach it oer de holle. Dêrnei kamen de beste kânsen foar de Nederlansk Kampioen. Om in kâns te foarkommen moast Wiebe Dijkstra oan’e needrem lûke en seach ta grutte skrik dat de bal fia de peal wêr it fjild yn fleach. Fierder wiene der noch in pear kânsen, mar sa as gewoanlik hawwe wy Marten Kooistra dy’t in pear kear foartreflik in doelpunt foarkaam. It liket dat Ropta Boys de saakjes goed foarinoar hie, mar skyn bedrige om’t Be-Quick út in heale kâns in hiel doelpunt makke. (0-1) Dochs liet Ropta Boys de kop net hingje en gie goed troch en krige fia Geert van Wieren twa hiele goeie kânsen op de gelykmakker, mar troch goed keeperswurk fan Regnerus bleau de gelykmakker út. In skot fan Arnold Nutma en Jack van der Vorst wiene te maklik foar de goeie keeper fan Be-Quick 45+. Sa moast Ropta Boys 45+ nei in goeie wedstriid dochs de punten litte oan Be-Quick 45+.

Ropta Boys 45+  –  F.C. Grootegast 45+ 1 – 0.

Nei de teloarstelling tsjin Be-Quick 45+ moast Rota Boys 45+ efkes wêr op skerp setten wurden foar dizze wedstriid. Ropta Boys begûn dertroch swak oan de wedstriid en Grootegast 45+ krige in pear kânskes. Mar troch stimferheffing rjochting spilers kaam it besef om fierder te gean yn it toernoai. It duorret net lang as Ropta Boys 45+ pakte syn doelpuntsje. It wie it moaiste doelpunt fan Ropta Boys 45+ op dizze jûn. In oanfal oer ferskate skiven. Oer rjochts wit Yme Braaksma de bal te jaan op Arnold Nutma, dy’t de bal yn ien kear troch spilet op Geert van Wieren oan’e  lofterkant. Geert stiet hielendal frij en hat de hoeke foar it útsykje en skoart  behearst de 1-0. Nei it doelpunt wie it skrikken oan de kant fan Ropta Boys. Yn in duel komt Jappie de Vries hielendal ferkeard del en ferdraaid syn knibbel. Lokkich koe Jappie de Vries sels wêr opstean en nei de kant rinne, mar fierder fuotbaljen wie der net mear by, om’t de knibbel hielendal stiif en tsjok waard. Hooplik falt de blessuere ta en kin Jappie wêr rap meidwaan. Yn’e stân is neat feroare, wêrtroch Rota Boys harren twadde wedstriid wisten te winnen.

Ropta Boys 45+  –  Friese Boys 45+ 1 – 1.

De lêste wedstriid wie tsjin in âlde bekende. It altiten lestige Friese Boys wie twa kear yn kompetysje ferbân te sterk mei 1-0. Dizze kear wie it doel om dizze minne rige te trochbrekken. Nei grou tweintich minuten wie Ropta Boys hjirre gedeeltlik yn slagge. Op’e nij kaam Ropta Boys efter tsjin Friese Boys.  It like op’e nij mis te gean, mar Ropta Boys 45+ wie dizze jûn muoilik te ferslaan. Nei inkelde goeie kânsen fan Arnold Nutma en Geert van Wieren wie it úteinlik Jack van der Vorst dy’t de goeie Friese Boys keeper mei in ôfstânsskot it neisjen joech foar de 1-1. Troch meiname goed ferdigenjen fan Roel Sikkema krige Friese Boys 45+ gjin kâns mear om ús op’e nij te ferrassen krekt foar it ein. Mei dizze 1-1 stân pakte Ropta Boys 45+ knap it twadde plak efter Nederlansk Kampioen Be-Quick 45+.

Konklúzje:  Ropta Boys 45+ hat in goeie yndruk efter litten by de foarrûne Nederlansk Kampioenskip. Efter Be-Qucik 45+ einigje is gjin skande foar ús. It seizoen is no ôfrûn, mar kommende freed hat Arnold Nutma noch in moaie ôfsluter regele. Wy hawwe dan thús op ús eigen sportpark in toernoaike mei Be-Quick 35+, Zwaagwesteinde 35+ en Wykels Hallum 45+. Nei ôfrin hat Arnold regele dat wy it suksesfolle seizoen einigje om mei-inoar te barbecueë.

JT